Skip to main content

Undersyksaginda Fryske Akademy 2023-2027: projekt Taal en meartaligens

  

Frysk Diktee

It Grut Frysk Diktee & It Lyts Frysk Diktee


Titel: Frysk Diktee: it Grut Frysk Diktee en it Lyts Frysk Diktee
UndersykstemaTaal en meartaligens
Rintiid: jierliks evenemint
Koördinaasje Fryske Akademy: Hindrik Sijens
Partners: Omrop Fryslân (NL), Afûk (NL), Taalsintrum Frysk (Cedin) (NL), Provinsje Fryslân (NL)
Finansiering
Projektwebsite: Frysk Diktee
Kontakt: Hindrik Sijens/ Frysk Diktee


Projektomskriuwing

Gnyskje, nútsjesmoar, twirrewyn, skroarjûn, noaskje en krûpelhintsje. Samar in pear wurden dy't foarkomme kinne yn it Grut Frysk Diktee. Yn oparbeidzjen mei Omrop Fryslân, Afûk, it Taalsintrum Frysk (Cedin) en de Provinsje Fryslân organisearret de Fryske Akademy alle jierren it Grut Frysk Diktee yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. De tekst wurdt skreaun troch in Fryske pommerant, it evenemint wurdt presintearre en útstjoerd troch Omrop Fryslân.

Foar bern organisearje de Fryske Akademy, Afûk, it Taalsintrum Frysk (Cedin) en de Provinsje Fryslân yn de maitiid It Lyts Frysk Diktee. De kwalifikaasje hjirfoar rint fia de skoallen sels. By de lêste edysje diene 50 learlingen fan 30 Fryske basisskoallen mei oan de finale fan It Lyts Frysk Diktee yn de Steateseal fan it Provinsjehûs.

[]


Projektresultaten

Dikteeteksten

 

Utstjoering

Sjoch foar it nijs oer en de útstjoerings fan It Grut Frysk Diktee by Omrop Fryslân.

[]