Skip to main content

Undersyksaginda Fryske Akademy 2023-2027

• Kennisgebiet: Taal en meartaligens

 

Tema: De meartalige mienskip
Tema: Taalfariaasje en -feroaring
Tema: Taaldeskripsje en standerdisearring

By dit kennisgebiet draait it om de Fryske taal en de oan it Frysk besibbe taalfariëteiten, lykas it Hylpersk, Stedfrysk, Skiermûntseagersk, Biltsk ensfh. Der wurdt sjoen nei kleare taalkundige ûnderwerpen lykas de bestudearring fan de fonetyk, morfology, syntaksis of leksikografy. It giet binnen dit kennisgebiet sawol om de taal fan hjoed-de-dei as dy út it ferline en om sprutsen en skreaune taal. Dêrneist wurdt sjoen nei it Nederlânsk yn Fryslân en de ynfloed fan taalkontakt tusken it Nederlânsk en it Frysk. Sa binne taalsosjology en sosjolinguistyk ek ûnderwerp fan stúdzje. Fierder wurdt sjoen hoe’t it Frysk al as net feroaret binnen de meartalige kontekst dêr’t de taal him yn beweecht.

 


Tema: De meartalige mienskip

Fryslân is in meartalige provinsje dêr’t neist it Frysk en it Nederlansk ferskate dialekten en migrantetalen sprutsen wurde. Yn it ûndersykstema De meartalige mienskip wurdt bestudearre hoe’t de ynwenners fan Fryslân mei dy meartaligens omgeane. Dan kin tocht wurde oan de bestudearring fan taalbehearsking, -gedrach en -hâlding foar it Frysk of meartaligens oer. En hoe’t bern yn Fryslân fan jongs ôf opgroeie mei meardere talen en mei it Frysk yn it bysûnder. Mar der kin ek tocht wurde oan fragen lykas hoe’t learkrêften yn ’e klasse it bêste it taalferskaat fan de learlingen in plak jaan kinne, of hoe’t meartalich taalbelied derút sjocht. 

Rûnom yn Europa fine wy regio’s dêr’t in minderheidstaal sprutsen wurdt. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, dat ûnderdiel is fan de Fryske Akademy, docht in soad ferlykjend  ûndersyk nei in ferskaat oan ûnderwerpen yn de Fryske kontekst en oare Europeeske minderheidstalen. Sa wurdt ûnder oaren ûndersyk dien nei saneamde ‘best practices’ op mêden lykas taalbelied en meartaligens yn it foarskoalsk, primêr of fuortset ûnderwiis yn Fryslân en oare Europeeske gebieten mei in minderheidstaal. Op dy wize bringt it Mercator Kennissintrum Fryslân nei Europa en Europa nei Fryslân. 

Meartaligens is net in resint ferskynsel. Al iuwenlang spilet meartaligens in grutte rol yn de eardere Fryske lannen. Dêrom fine wy bygelyks ferskate eleminten fan oare talen yn it Frysk en fan it Aldfrysk yn it Nederlânsk fan no. Ek dy ferskynsels binne nijsgjirrich om te bestudearjen, want dy ferklearje in soad oer it Frysk fan hjoed-de-dei. Undersyk nei dy ferskynsels binnen dit ûndersykstema bart dêrom faak yn ferbining mei sawol it ûndersykstema Taaldeskripsje en standerdisearring as de tema’s Erfgoed yn de Fryske lannen en Rjocht en Frijheid yn de Fryske lannen.

[]

 


Tema: Taalfariaasje en -feroaring

Yn it ûndersykstema Taalfariaasje en -feroaring bestudearje wy de fariaasje yn it Frysk fan hjoed-de-dei en fan it ferline. Lyksa bestudearje wy de taalfariaasje fan de oare yn Fryslân sprutsen en skreaune taalfariëteiten. Wy sjogge ûnder oaren nei hoe’t dy taalfariëteiten yn de rin fan de iuwen feroare binne yn de meartalige kontekst, en hoe’t de hjoeddeistige fariëteiten op dit stuit oan it feroarjen binne. Sintrale fragen binne hoe’t yn Fryslân taalferoaring troch taalkontakt (bgl. de ynfloed fan it Nederlânsk op it Frysk) en taalynterne feroarings (ûntwikkelingen binnen it Frysk sels) har ta inoar ferhâlde en inoar beynfloedzje, en hokfoar taalkundige, sosjaal-geografyske en kognitive faktoaren dêrby in rol spylje. Wy rjochtsje ús dêrby op alle komponinten fan de taal (grammatika, wurdskat en útspraak) en bestudearje de gearhing tusken de produksje fan fariaasje yn taal (sprutsen en skreaune), de persepsje fan fariaasje (hokfoar ferskillen hearre taalbrûkers) en de attitudes dy’t sprekkers ha oangeande dy taalfariaasje.  

Dit ûndersykstema rjochtet him primêr op fûneminteel ûndersyk op it mêd fan de sosjolinguistyk op basis fan it natuerlik laboratoarium Fryslân. It yntrodusearret mei laboratoariumsosjolinguistyk in nije oanpak yn it ûndersyk nei taalfariaasje en taalferoaring en it hat teoretyske en metodologyske trochbraken ta doel. Dêrneist leveret it in soad ynsichten op, benammen op it mêd fan de útspraak fan it Frysk, dy’t fuortendaliks tapasber binne yn moderne taalhelpmiddels (lykas spraakwerkenning, spraaksynteze en learmiddels). Spraaktechnology is in tige wichtich middel foar in lytse taal lykas it Frysk. It is dêrom ek ien fan de flagships fan de Fryske Akademy. Sa is der ûnder oaren in twatalige spraakwerkenner ûntwikkele, dy’t op it stuit foar ferskillende tapassings trochûntwikkele wurdt.

Yn ferskate projekten is in oerlaap te finen mei it ûndersykstema Erfgoed yn de Fryske lannen of De meartalige mienskip en Taaldeskripsje en standerdisearring. Tink hjirby bygelyks oan projekten dêr’t de spraak yn (âldere) lûdopnamen omset wurdt nei tekst om sa in trochsykber korpus fan sprutsen Frysk te foarmjen. Of oan spraak fan Friezen dy’t hieltyd skeakelje tusken it Frysk en it Nederlânsk. Dit ferskynsel wurdt ek wol ‘codeswitching’ neamd.

[]

 


Tema: Taaldeskripsje en standerdisearring

Dit ûndersykstema giet oer it beskriuwen fan de Fryske taal yn sprutsen en skreaune foarm troch de tiid hinne, fan it Aldfrysk út de Midsiuwen oant it Frysk fan hjoed-de-dei. Wy beskriuwe hokker klanken it Frysk hat, hoe’t dy mei-inoar kombinearre wurde kinne en hokker ynteraksjes harren dêrtusken ôfspylje. Dêrneist beskriuwe wy de struktuer fan wurden en hoe’t wurden mei-inoar kombinearre wurde kinne ta in sin. Boppedat hat de Fryske Akademy in lange leksikografyske tradysje. Troch de jierrenlang opboude kennis op dit mêd is de leksikografy ien fan de flagships fan de Fryske Akademy. De Fryske Akademy is mei syn ûnderfining op it mêd fan leksikografy in foarbyld foar oare lytse talen yn de wrâld. Tsjintwurdich uteret de leksikografy him yn digitale wurdboeken sa’t dy op Frysker.nl beskikber binne foar elkenien. Hjir binne ek oare taalhelpmiddels te finen, lykas ús automatyske Oersetter

Troch de sekuere beskriuwing fan alle fasetten fan de Fryske taal spilet de Fryske Akademy in grutte rol yn de standerdisearring fan it Frysk. Dy standerdisearring hat ûnder oaren ta doel dat nije sprekkers de taal better leare kinne en taalbrûkers de mooglikheid krije om de taal better leare te behearskjen. De taalbeskriuwing en ta in beskate hichte ek de standerdisearring jouwe romte foar de fariaasje binnen de Fryske taal en oare Fryske taalfariëten. Der is dan ek in soad oerlaap mei it ûndersykstema Taalfariaasje en -feroaring.

It Aldfrysk wurdt binnen dit ûndersykstema út taalkundich eachpunt wei bestudearre en beskreaun. Dizze âldste foarm fan it Frysk fine wy ûnder oaren werom yn wetsteksten út de Midsiuwen. Dêrom ferbynt it ûndersyk nei it Aldfrysk it ûndersykstema Taaldeskripsje en standerdisearring mei Rjocht en frijheid yn de Fryske lannen

Taaldeskripsje is in taak dy’t nea klear is: taal feroaret altyd. Wy sjogge it as ús taak om te soargjen foar in aktuele beskriuwing fan it Frysk dy’t beskikber is foar oare (ek ynternasjonale) taalkundigen (Taalportaal). Us beskriuwing fan it Frysk omfettet algemiene skaaimerken fan ’e taal, mar wy rjochtsje ús fansels ek op ’e skaaimerken fan it Frysk dy’t yn oare talen net foarkomme en dy’t it Frysk spesjaal meitsje.

[]

 

 


Relatearre

[]