Skip to main content

Nijsberjochten

mai

02

'Tusken kust en kitsch' is in publykslêzing oer ier midsiuwsk Frisia troch de eagen fan Fikingen, it Aldfrysk en de hjoeddeistige ûndersiker.

Mear lêze

apr

24

Mei mar 2,5 flaters hat Nynke Duijff-Veenstra fan Damwâld it Gouden Dakje yn 'e wacht sleept by it Grut Frysk Diktee.

Mear lêze

apr

16

Yn novimber is de 1st Mercator International Conference. Utstellen foar bydragen kinne yntsjinne wurde oant 15 maaie.

Mear lêze

apr

09

It Ryk en de provinsje ynvestearje de kommende fiif jier folop yn de Fryske taal.

Mear lêze

apr

08

Mercator, Afûk en it European Centre for Minority Issues yn Flensburg (DE) sille in grutskalich ûndersyk yn Fryslân útfiere nei taaloerdracht.

Mear lêze

Sjoch mear nijsberjochten.

Eveneminten

mai

16

De lêzing fan Anne ten Brink is organisearre troch it Archeologysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy. Elkenien is wolkom, de tagong is fergees.

Mear lêze

mai

17

It KFG-Sieperda-sympoasium 2024 wurdt organisearre troch it Keninklik Frysk Genoatskip, yn gearwurking mei Tresoar en Fryske Akademy.

Mear lêze

mai

21

Tusken kust en kitsch. Ier midsiuwsk Frisia troch de eagen fan Fikingen, it Aldfrysk en de hjoeddeistige ûndersiker.

Mear lêze

mai

23

It N.W. Posthumus Instituut en de Fryske Akademy organisearje de Posthumus Conference 2024, mei as haadsprekker prof. Nikolaus Wolf (Humboldt...

Mear lêze

jun

03

Fryske Akademy is partner fan RUG/Campus Fryslân by de organisaasje fan de simmerskoalle oer spraaktechnology (3-7 juny).

Mear lêze

Sjoch mear eveneminten

Segel Fryske Akademy

Fryske Akademy

Wy binne in akademysk ûndersyksynstitút foar de Fryske kasus, bewoartele yn de Fryske maatskippij en operearjend yn de ynternasjonale wittenskiplike wrâld.

Wy meitsje it Frysktalich en histoarysk erfguod tagonklik foar wittenskip, ûnderwiis en maatskippij en ûntwikkelje digitale ynstruminten en kolleksjes foar ynnovearjend ûndersyk.

 

Undersyksoutput


Publikaasjes

Op it ûndersyksportaal PURE fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) fine jo in oersjoch fan alle ûndersykspublikaasjes en -aktiviteiten en ferwizingen nei open access-publikaasjes fan de Fryske Akademy.

Mear lêze


Taaldatabank Frisian.eu

In webside mei in grut ferskaat oan (âld)Fryske taalboarnen, lykas data, tools en tsjinsten. Datasets kinne delhelle wurde, Json services binne frij beskikber. De ûnderlizzende data wurdt hieltyd ûnderhâlden.

Mear lêze


Taalportaal

Taalportaal is in Ingelsktalich digitaal neislachwurk dêr't alle grammatikale kennis fan it Nederlânsk, Frysk en Afrikaansk byinoar brocht is troch ûndersikers út Fryslân, Nederlân en Súd-Afrika.

Mear lêze­


Mear oer ús ûndersyksoutput

 

Projekten


Frysker: Help by it Frysk skriuwen

Frysker.nl is in site mei helpmiddels foar elkenien dy't Frysk skriuwe wol, lykas in oersetter, staveringshifkers en wurdboeken. De earste 30.000 wurden fan it nije Nederlânsk-Frysk wurdboek steane ek op Frysker.

Mear lêze


Mercator Europeesk Kennissintrum

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen makket diel út fan de Fryske Akademy en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa.

Mear lêze


Historisch Geografisch Informatiesysteem

Yn it âldste kadaster (1832) binne op HisGIS.nl 3 miljoen perselen krekt yn kaart brocht. Dêrop slute kaartlagen oan - fan loftfoto's oant iermoderne lânmetersopnamen - dy't mei-inoar te kombinearjen binne.

Mear lêze


Mear oer ús ûndersykstema's

 

Leden en stipers fan 'e Fryske Akademy

As wittenskiplik ynstitút hat de Fryske Akademy al sûnt syn oprjochting leden. Akademyleden binne persoanen fan rûnom op 'e wrâld dy't dy ûnderskieding wurdich binne op grûn fan fertsjinsten op it mêd fan de Fryske wittenskip, foar de Fryske kultuer, of fanwegen in grutte niget oan de wittenskip of foar de Fryske kultuer yn it algemien. Lês mear oer leden en lidmaatskip.

De Fryske Akademy hat in grutte ploech stipers, dy’t it wurk fan de Fryske Akademy in waarm hert ta drage. Allegearre minsken dy’t niget hawwe oan de Fryske taal, kultuer en wittenskip. De Fryske Akademy hat in ANBI-status. Dêrtroch kinne jo as stiper jeften fan ’e ynkomste- of fennoatskipsbelesting ôflûke. Lês mear oer it stiperskip.