Skip to main content

Tusken kust en kitsch

Tusken kust en kitsch. Ier midsiuwsk Frisia troch de eagen fan Fikingen, it Aldfrysk en de hjoeddeistige ûndersiker, dat is it tema fan de Pinkstertiisdei publykslêzing dy't dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder en histoarikus by de Fryske Akademy, hâldt op tiisdeitejûn 21 maaie oankommend by Tresoar yn Ljouwert. De lêzing is it slotstik fan in sympoasiumdei oer de Fryske Midsiuwen. De publykslêzing is los fan it sympoasium tagonklik.

Yn 'e iere midsiuwen stie ús kustgebiet bekend as Frisia. Oer see wie dat Frisia nau ferbûn mei de wrâld fan Fikingen en oare Noardseekustbewenners, it belang fan de kust as wengebiet stie sintraal. Nettsjinsteande regionale ferskillen wie de ferbûnens fan de kusten sa grut dat wy sels sprekke kinne fan in Noardseewrâld. Tagelyk waard Frisia ûnderdiel fan it grutte kontinintale Frankyske ryk, dat in tsjinhinger foarme fan dizze Noardseewrâld. Wat betsjutte dit foar de posysje fan Frisia? Hoe witte wy dat Frisia sa sterk ferbûn wie mei oare kusten, mar ek ûnderdiel wie fan it kontinint? En wat sizze Friezen, Fikingen, Franken en oaren hjiroer? 

Perspektiven
Om Frisia yn de perioade fan de achtste oant de alfde iuw goed te begripen, moatte wy ferskate perspektiven neist inoar lizze. Net allinnich de perspektiven fan bygelyks Fryske kustbewenners, Frankyske machthawwers en foarbyfarrende Fikingen, mar ek dy fan de hjoeddeiske ûndersiker.

Yn dizze lêzing nimt IJssennagger-van der Pluijm de oanwêzigen mei fia materiële kultuer, mûnlinge tradysjes, taal en it maritime lânskip nei dizze wichtige en yntrigearjende wrâld fan Frisia en nei it ûndersyk dat dêrnei dien wurdt. Wat kitsch hjirmei te krijen hat? Dat fertelt se graach yn de lêzing.

 

Yn it koart: