Skip to main content

Undersyksaginda Fryske Akademy 2023-2027: projekt Taal en meartaligens

  

Read with Multilingual Early Education

(Read with MEE)


Titel: Read with Multilingual Early Education (Read with MEE)
Undersykstema: Taal en meartaligens
Rintiid: 2023 – 2026
Koördinaasje Fryske Akademy/ Mercator: Martine Jansen, Ydwine Scarse, Jelske Dijkstra
Partners: ATiT (BE), NHL Stenden University of Applied Sciences (NL), 8D Games (NL), Trinity College Dublin (IE), University of the Basque Country (ES)
Finansiering: Erasmus+ 
Projektwebsite (foarearst): Mercator Kennissintrum
Kontakt: Jelske Dijkstra


Projektomskriuwing

Read with Multilingual Early Education hat as doel om belangrike lêsfeardigens en lykweardige edukative kânsen te befoarderjen foar jonge meartalige bern (tusken de 2 en 6 jier âld).

De klam fan it projekt leit by bern dy’t in nasjonale, regionale, migrante- of flechtlingeminderheidstaal prate. Dêrby kin yn Fryslân bygelyks tocht wurde oan Fryske, Biltske, Turkske of Oekraynske bern. Read with Multilingual Early Education sil de ynklúzje fan har taalfeardigens befoarderje op foarskoalsk ûnderwiis en thús.

It projekt is rjochte op it ferbetterjen fan de ynklusive ûntwikkeling fan meartalige lêsfeardigens en hat as doel om:

a) kennis te fergrutsjen oer in ynklusive ûntwikkeling fan meartalige lêsfeardigens;
b) it stypjen fan ymplemintaasje en ynklúzje fan meartalige lêsfeardigens op foarskoalsk ûnderwiis en thús;
c) in positive hâlding te ûntwikkeljen foar taalferskaat en thústalen.

[]