Skip to main content

Undersyksaginda Fryske Akademy 2023-2027: projekt Taal en meartaligens

  

Rymwurdboek

(Frysker)


Titel: Rymwurdboek (Frysker)
Undersykstema: Taal en meartaligens
Rintiid: 2023 – 2024
Koördinaasje Fryske Akademy: Eduard Drenth, Jelske Dijkstra
Partners: Pieter Zijlstra, Teun de Vries, Sweder Oosterkamp
Projektwebsite: rymwurdboek.nl
Kontakt: Eduard Drenth


Projektomskriuwing

Tt rymwurdboek is in útwreiding fan Frysker.nl, it digitale skriuwark dat stipe jout by it opstellen, staverjen en oersetten fan Fryske teksten. Al langer hie de Fryske Akademy de winsk om wat mei rym te dwaan, mar dan wol op wittenskiplike basis. Der lei ek in ferlet yn de mienskip. Dat waard begjin 2023 ferwurde yn in kollum fan Pieter Zijlstra yn de Leeuwarder Courant. Yn ‘e mande mei him en twa fan syn maten, Teun de Vries en Sweder Oosterkamp, is wurke oan in earste ferzje dy't op 12 novimber 2023 ôf troch elk brûkt wurde kin.

It rymwurdboek is basearre op wurdlisten en fonetysk skrift, de wize wêrop’t klanken yn in taal fêstlein wurde. Nei it ynfieren fan in rymwurd, siket it wurdboek yn trije stappen nei wurden dy’t rymje.  As earste wurdt bepaald mei welk part fan it rymwurd socht wurde sil. Dat bart op basis fan it tal wurdlidden (lettergrepen), dêrby wurdt der ek rekken mei holden dat guon bylûden fuortfalle yn it fonetyske alfabet en mei stomme lûden. Dêrnei wurdt sjoen hokker wurden gelyk einigje kwa klank. As lêste wurde alle resultaten filtere en sortearre. It rymwurdboek sjocht dan nei hoe faak oft de wurden foarkomme, oft se ferâldere binne, en oft it foarkarsfoarmen binne of farianten. By it sortearjen wurdt earst groepearre op tal wurdlidden en dan oardere op suver rym of healrym, ynterne oerienkomsten, en op Frysk alfabet.

It rymwurdboek wurket op basis fan standert-Frysk. Ek is it mooglik om nei ‘healrym’ te sykjen. Dan wurdt sjoen nei klanken dy't ticht byinoar lizze, lykas ‘ii’ en ‘ie’ yn ‘priis’ en ‘Fries’. Mei de tiid hopet de Fryske Akademy it rymwurdboek better te meitsjen troch noch mear foarmen fan healrym te identifisearjen en dêrneist ek mear omtinken te jaan oan it ferskaat oan regionale útspraken.

[]