Skip to main content

Frisistyk lansearre: it nije online tydskrift foar Fryske taal- en letterkunde

Nei in drok besochte Dei fan de Fryske Taalkunde waard yn Café Neushoorn yn Ljouwert ôfrûne freedtemiddei it nije online tydskrift foar Fryske taal- en letterkunde presintearre: Frisistyk. Frisistyk.nl (én Frisistyk.frl) is in útwreiding fan it suksesfolle Neerlandistiek.nl, in webside dy 't it midden hâldt tusken in wittenskiplik tydskrift en in kenniswebside foar in lekepublyk.

Haadredakteur fan Neerlandistiek Marc van Oostendorp (Meertens Instituut/Radboud Universiteit) en Anne Merkuur (Fryske Akademy/ Rijksuniversiteit Groningen) ûntfongen likernôch fyftich gasten dy't ynteressearre wiene yn de mooglikheden fan dit nije medium. Neist algemiene stikken oer Fryske taalkunde, skiednis en letterkunde sil Frisistyk nammentlik ek romte biede oan ûnderwerpen lykas Frysk yn it ûnderwiis en Frysk taalbelied en oan de taal- en letterkunde fan de oare Fryske talen lykas it Noardfrysk en Sealterfrysk. 

 

Skriuw mei!

De redaksje fan Frisistyk is no fansels op syk nei minsken dy't graach meiskriuwe wolle. Wolle jo wat sjen litte fan jo ûndersyk, wolle jo in foarpublikaasje fan in boek beskiber stelle, hawwe jo in nijsgjirrich evenemint organisearre? Lit it de redaksje dan witte.