Skip to main content

Bestjoer en organisaasje

De stifting Fryske Akademy is op 10 septimber 1938 oprjochte yn Ljouwert. Neffens syn karbrief hat de Akademy as doel "it yn-stân-hâlden fan in wurkmienskip, dy't him útleit op it beoefenjen fan de wittenskip dy't mei Fryslân, it Fryske folk en syn kultuer yn al syn uterings, en soks yn de wiidste omfieming, ferbûn is".

Us wurk wurdt mooglik makke troch de stipe fan 'e Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) en de Provinsje Fryslân. Lykas fêstlein yn 'e liearringsoerienkomst mei de KNAW (1989) en yn 'e Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer, drage beide ynstellings by oan it fuortbestean fan 'e Akademy. De Akademy is liearre oan 'e KNAW en makket diel út fan 'e ynstitute- en ûndersyksorganisaasje fan 'e KNAW. 

Us organisaasje bestiet út in ôfdieling wittenskip, dy't oanstjoerd wurdt troch de direkteur-bestjoerder, en in ôfdieling algemiene saken, dy't oanstjoerd wurdt troch it haad algemiene saken. De fakgroepstruktuer dêr't de wittenskipsôfdieling earder út opboud waard, is op 1 septimber 2015 ferfongen troch in projektorganisaasje.

Hjirûnder binne as pdf-dokumint te downloaden:

 

Direkteur-bestjoerder dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm

Direkteur-bestjoerder

De deistige lieding oer de stifting Fryske Akademy is yn hannen fan de direkteur-bestjoerder. De direkteur-bestjoerder (DB) is einferantwurdlik foar alle wurksumheden en besluten dy’t mei de Akademy gearhingje. Hja leit ferantwurding ôf oan 'e Ried fan Tafersjoch neffens it karbrief en it húshâldlik reglemint.

  • dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm is sûnt maart 2021 direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy.

 

Managementteam

De DB wurdt advisearre troch in managementteam (MT). It MT komt neffens eigen ynsjoch geregeldwei byinoar en advisearret de DB op haadlinen oer belied, personielssaken, finansjele saken, ynfrastruktuer en eksterne oangelegenheden.

De fertsjintwurdiging is sûnt 1 jannewaris 2021 as neikommend fêstlein:

  • Joop Petter, Haad Finânsjes
  • fakant, Haad Planning en Akwisysje

E-mail: direksjesekretariaat@fryske-akademy.nl

 

Rie fan Tafersjoch, f.l.n.r. Anthonya Visser, Jacob Fokkema (foarsitter), Houkje Rijpstra, Seerp Leistra en ôfgien lid Wybren Eijzenga.

Ried fan Tafersjoch

Op grûn fan it karbrief hat de Fryske Akademy in Ried fan Tafersjoch. De Ried sjocht ta op it troch de direkteur-bestjoerder fierde belied en behear.

De Ried fan Tafersjoch bestiet sûnt 30 juny 2020 út:

  • prof. dr. ir. Jacob T. Fokkema, Schiedam (foarsitter)
  • Wim Kleinhuis, De Gordyk
  • Seerp Y. Leistra, Grins
  • drs. Houkje Rijpstra, Gytsjerk
  • prof. dr. Anthonya Visser, Amsterdam

 

Wittenskipskommisje & Maatskiplike Advysried

De Fryske Akademy hie oant ein 2019 in Wittenskipskommisje en in Maatskiplike Advysried.

De Wittenskipskommisje hie as taak om oan 'e direkteur-bestjoerder, de Ried fan Tafersjoch en de KNAW frege en net-frege advizen te jaan oer it belied en it wittenskiplike programma fan 'e stifting Fryske Akademy. De Maatskiplike Advysried wie ynsteld om de direkteur-bestjoerder, de Ried fan Tafersjoch en de Provinsje Fryslân frege en net-frege advizen te jaan oangeande de maatskiplike tsjinstferliening fan 'e stifting, dêr't ek it stypjen fan de frijwilligers binnen de stifting ûnder foel.

Taken oernaam troch Ried fan Tafersjoch
Op grûn fan de provinsjale beslútfoarming binne de leden fan Wittenskipskommisje en de Maatskiplike Advysried opholden mei harren aktiviteiten. De Ried fan Tafersjoch nimt de taken fan beide gremia oer, sadat sawol de maatskiplike as de wittenskiplike fasetten fan it wurk fan de Fryske Akademy harren gerak krije.

Undernimmingsried

De Fryske Akademy hat in Undernimmingsried (UR) dêr’t fiif meiwurkers fan ’e Akademy sitting yn hawwe. It foech fan ’e UR, dat ûnder oaren it advysrjocht, it ynstimmingsrjocht en it ynisjatyfrjocht oanbelanget, is regele yn ’e Wet op de Ondernemingsraden (WOR). Neffens de WOR wurket de ûndernimmingsried yn it belang fan it goed funksjonearjen fan ’e ûndernimming.

Sûnt 1 jannewaris 2021 is de gearstalling fan 'e UR sa:

  • Eduard Drenth (foarsitter)
  • Edwin Klinkenberg (skriuwer)
  • Han Nijdam (fise-foarsitter)
  • Willem Visser
  • fakant

E-mail: ur@fryske-akademy.nl

 

Stifting Frysk Akademyfûns

It Frysk Akademyfûns is op 19 july 1968 oprjochte om jilden byinoar te bringen mei as doel Frysk wittenskiplik wurk yn de wiidste betsjutting fuort te sterkjen. Dêrûnder wurdt ek it befoarderjen fan in ridlike hûsfêsting op it stik fan gebouwen en replik goed fan de Fryske Akademy ferstean. It Frysk Akademyfûns stiet as rjochtspersoan los fan de Stifting Fryske Akademy en it fermogen wurdt foarme troch û.o. donaasjes, skinkingen en neilittenskippen.

Mei yngong fan 1 jannewaris 2020 is de gearstalling fan it bestjoer as neikommend:

  • drs. Jan Kersbergen (foarsitter)
  • drs. Jos Tjalsma (skriuwer/ponghâlder)
  • mr. Wiebe Adema
  • mr. Ernest de Lange
  • mr. Rembrandt Veldhuyzen van Zanten

E-mail: faf@fryskakademyfuns.nl
Mear ynformaasje: www.fryskakademyfuns.nl