Skip to main content

Stifting Frysk Akademyfûns

 

It Frysk Akademyfûns is op 19 july 1968 oprjochte om jilden byinoar te bringen mei as doel Frysk wittenskiplik wurk yn de wiidste betsjutting fuort te sterkjen. Dêrûnder wurdt ek it befoarderjen fan in ridlike hûsfêsting op it stik fan gebouwen en replik goed fan de Fryske Akademy ferstean. It Frysk Akademyfûns stiet as rjochtspersoan los fan de Stifting Fryske Akademy en it fermogen wurdt foarme troch û.o. donaasjes, skinkingen en neilittenskippen. Mei yngong fan septimber 2021 is de gearstalling fan it bestjoer as neikommend:

  • Drs. H. ten Hoeve, foarsitter
  • J.W. Petter, skriuwer/ponghâlder
  • Mr. H.Ph. Breuker
  • Mw. F. de Jong-Krap
  • Mw. Mr. M. Geertsema

E-mail: faf@fryskakademyfuns.nl
Mear ynformaasje: www.fryskakademyfuns.nl