Skip to main content

Missy en doelstellingen

Sûnt it oprjochtsjen fan it ynstitút yn 1938 set de Fryske Akademy him yn foar it fûneminteel en tapast wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, skiednis en kultuer. Nei hast 85 jier is dy opdracht, dy't de Fryske mienskip de Akademy by de oprjochting meijoech, noch jimmer liedend.

It is de taak fan 'e ûndersikers om 'e dynamyk fan taal en fan sosjale en histoaryske prosessen te analysearjen. Dat dogge sy troch ûndersyk te dwaan nei de Fryske taal, meartaligens, taallearen en it ferline fan Fryslân. De Fryske Akademy makket it Frysktalich en histoarysk erfgoed tagonklik foar wittenskip en maatskippij en ûntwikkelet digitale ynstruminten en kolleksjes foar ynnovearjend ûndersyk. 

 

Strategysk beliedsplan 2022-2027

Us strategysk beliedsplan 2022-2027 kinne jo downloade yn it Frysk of Nederlânsk (pdf).

 

Kearntaak

De kearntaak fan de Fryske Akademy is it dwaan fan kwalitatyf heechsteand wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske Kasus, mei ympakt. Dat is yn ús jierrekken sa spesifearre:

“De foarnaamste taak fan de Fryske Akademy is it ferrjochtsjen fan fûneminteel winttenskiplik ûndersyk op de fakgebieten taalkunde, sosjolinguistyk, sosjology, leksikografy, meartaligens en taallearen, minderheidstalen, it Aldfrysk en de skiednis fan de midsiuwen, de iermoderne tiid en de nijste tiid. Yn it ûndersyk spilet ICT en de ûntwikkeling fan digitaal ark en kolleksjes in hyltiten wichtiger rol. 

Yn it ferlingde dêrfan kinne de neikommende kearntaken ûnderskieden wurde:  

  • Aktive dielname oan it ynternasjonale wittenskiplik debat troch it leverjen fan heechwearadige publikaasjes en dielnimmen oan kongressen en sympoasia.
  • Bydrage oan it behâld en it befoarderjen fan it Frysk as twadde rykstaal.  
  • Kennisgarje en kennis diele oangeande de Fryske taal, kultuer en skiednis foar maatskiplike partijen.  
  • It entamearjen en oangean fan gearwurkingsferbannen mei regionale kennisynstellings en mei universiteiten en ûndersyksynstituten yn binnen- en bûtenlân. 
  • It ûntwikkeljen fan gearwurkingsferbannen mei oerheden in regio's mei minderheidstaleproblematyk.
  • It ferrjochtsjen fan opdrachtûndersyk foar de ûntwikkeling fan regionaal en Europeesk oerheidsbeleid.
  • It oanlizzen en ûnderhâlden fan digitale kolleksjes oangeande it Frysk sprutsen en skreaune erfgoed.”