Skip to main content

Undersyksaginda Fryske Akademy 2023-2027

• Kennisgebiet: Skiednis en erfgoed

 

Tema: Rjocht en frijheid yn de Fryske lannen
Tema: Erfgoed yn de Fryske lannen

By dit kennisgebiet wurdt it ferline fan de Fryske lannen bestudearre út ferlykjend en ynternasjonaal perspektyf wei. Bysûndere klam leit dêrby op de ‘lange linen’ dy’t dwers troch de opienfolgjende tiidrekken hinne rinne. Tema’s lykas de Iere Midsiuwen mei Redbad en de Fikingen, rjocht en frijheid, de ûntwikkelings fan nasjonale identiteit yn de njoggentjinde iuw fiere dêr de boppetoan yn. Ek de wittenskiplike bestudearring en ûntsluting fan Frysk erfgoed, dat ús tagong jout ta dat Fryske ferline, falt binnen dit kennisgebiet. Hjirby kin tocht wurde oan erfgoed fan âlde skreaune Fryske teksten, âlde plaknammen, mar ek minder âld materiaal, lykas âlde lûdopnamen fan it Frysk. 

 


Tema: Rjocht en frijheid yn de Fryske lannen

De Aldfryske wetsteksten binne in unike kolleksje midsiuwske boarnen. Se biede ynsjoch yn de wetskultuer fan de Friezen fan de 5e iuw n.K. oant 1500. Dy âldste spoaren binne te finen yn it sjenre fan de boeteregisters. Om’t der noait in brek west hat troch yngripen fan in eksterne machtsfaktor, fertoant it Aldfryske rjocht in organyske groei troch de iuwen hinne en kinne wy dy histoaryske lagen no ûnderskiede, ferlykber mei de geologyske lagen fan de ierde. Dit unike karakter is al yn de 19e iuw ûnderkend troch ynternasjonale wittenskippers.  

De saneamde Fryske Frijheid, of Fryske autonomy, dy’t oan de ein fan de 10e iuw ûntstie, makket dat de Fryske lannen yn midsiuwsk Europa in bysûndere posysje ynnamen. De Friezen bestjoerden harren feitliken sels. Se wiene boppedat sûnt de Iere Midsiuwen ryk en dat holp mei om de bûtenlânske ynfloed ôf te keapjen. Der wiene mar in pear oare gelikense regio’s yn Europa.  

De kultuer fan midsiuwsk Fryslân lit in unike kombinaasje sjen fan oan de iene kant iepenstean foar de bredere Europeeske kultuer en oan de oare kant it fêsthâlden oan eigen tradysjes. Dat soarge mei de Fryske taal, dy’t hiel bot ôfwykte fan it Midnederlânsk, foar in hiel eigen identiteit en kultuer. Dit Fryske patroan sil de kommende jierren neier ûndersocht wurde yn ús flagship oer de perioade fan it Aldfrysk: wêr’t binnen dit ûndersykstema mear mei in antropologyske blik nei de Aldfryske wetsteksten en de mienskip fan doedestiids sjoen wurdt, wurdt de Aldfryske taal binnen it tema Taaldeskripsje en standerdisearring taalkundich analysearre. 

Wichtige tiidrekken as Magna Frisia, de Fryske Frijheid en de Hanzeperioade wurde ek wol oantsjutten as de gouden iuwen fan Fryslân yn dy sin dat der yn de iuwen dêrnei altyd oan referearre en nei werom longere is. Dy byldfoarming yn lettere iuwen spilet in wichtige rol yn de ûntwikkeling fan de Fryske identiteit, dy’t binnen it ûndersykstema Kultuer en identiteit ûndersocht wurdt.  

[]


Tema: Erfgoed yn de Fryske lannen

Binnen dit ûndersykstema wurdt it erfgoed yn de Fryske lannen bestudearre. Dit Fryske erfgoed, sawol materieel as ymmaterieel, is bewarre yn allerhande foarmen en strekt him út fan Flaanderen oant Denemarken; it komt ta útdrukking yn de âlde nammen fan doarpen, landerijen en wetternammen, tradysjes en folkssporten, yn de kolleksjes fan ferskate musea en yn archeologyske fynsten. Mar ek bygelyks yn hânskriften dêr’t it Frysk fan eardere iuwen yn opskreaun stiet, yn de kultuerlânskippen dy’t de Frysktalige bewenners fan de Noardseekust efterlitten ha en yn de gebouwen dy’t yn de Fryske lannen opriisd binne en no altyd noch sichtber binne.  

De Fryske Akademy hat ta doel de ynformaasjedragers dy’t ús ynformearje oer it Fryske erfgoed te bestudearjen en te ûntsluten, dêr’t dit mooglik is ek foar in grutter publyk binnen en bûten Fryslân. De Fryske Akademy hat de ôfrûne desennia al op unike en fiergeande wize ynformaasjedragers dy’t gearhingje mei it Fryske erfgoed ûntsletten, troch it opsetten fan de eigen digitale taalynfrastruktuer en it ûntsluten fan de histoaryske geodata oer de Fryske kasus. In digitaal formaat stiet ta om nije gegevens mei help fan Linked Open Data (LOD) fluch en effisjint te dielen mei alle belanghawwers. Dy ûntsluting fan ynformaasjedragers bart yn nau oparbeidzjen mei ús wittenskiplike en maatskiplike partners yn binnen- en bûtenlân. Ofhinklik fan it type ynformaasje op dy ynformaasjedragers binne der by de bestudearring fan dit erfgoed ferbinings te lizzen mei alle oare ûndersykstema’s.

[]


Relatearre

[]