Multilingualism Laboratory Netwurk
It doel fan it Multilingualism Laboratory Netwurk (MLN) is om eksperts op it mêd fan meartalichheid yn it noarden fan Nederlân gear te bringen. De fokus leit dêrby op de Fryske kasus. It MLN wol him talizze op it ûndersyk nei en de diskusje oer meartalichheid, oan 'e hân fan fragen dy’t út de mienskip wei komme. En it wol brûkbere oplossings oandrage foar de problemen dy't har oangeande meartalichheid foardogge.
It belang fan in MLN as katalysator fan in kennis-ekosysteem op wittenskiplike grûnslach wurdt ûnderstreke troch de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuur, in akkoart tusken de ryksoerheid en de provinsje Fryslân oangeande de Fryske taal en kultuer). It MLN is fierders in moai wichtich part fan de neilittenskip fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.
Hjoeddeistige doelen
It MLN:
- besiket om regionale, nasjonale en Europeeske subsydzjes yn te heljen foar projekten dêr’t ûndersikers yn oparbeidzje op fjouwer ûndersyksmêden, te witten meartalichheid en learen, meartalichheid en sûnenssoarch, meartalichheid en rjocht, en meartalichheid en publike romte;
- fasilitearret ûndersikers fan wittenskiplike partner-ynstituten om harren kennis oer meartalichheid yn it noarden fan Nederlân, en dan benammen binnen de Fryske kontekst, mei oare ûndersikers te dielen en om gear te wurkjen mei yndustry, de publike sektor en, yn wider ferbân, de maatskippij as gehiel;
- biedt de mooglikheid om meartalichheidsprojekten te evaluearjen of te advisearjen oangeande kwaliteitskontrôle by takomstige ûndersyksprojekten.
Sjoch de brosjuere (Ingelsktalich, PDF) fan it Multilingualism Laboratory Netwurk foar mear ynformaasje.
Ambysjes foar de takomst
By nije ûntjouwingen en mooglikheden ta gearwurking wurkje wy dizze website by.
It MLN leit him der op ta om:
- in leechdrompelich oansprekpunt te wêzen, net allinnich foar Fryslân, mar foar it noarden fan Nederlân as gehiel, dêr't elk mei fragen oer meartalichheid terjochte kin;
- de útkomsten fan wittenskiplik ûndersyk te fersprieden en algemien bekend te meitsjen troch it organisearjen fan wurkwinkels, treningen, simmerskoallen, ensfh.;
- regionale, nasjonale en Europeeske subsydzjes yn te heljen, om sa it Netwurk en de fjouwer ûndersyksmêden fierder te ûntwikkeljen.
Partners
It MLN bestiet út eksperts op it mêd fan ûndersyk nei meartalichheid fan de:
- RuG /Campus Fryslân
- Ryksuniversiteit Grins
- NHL Stenden
- Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen
- Fryske Akademy
It MLN sil nau oparbeidzje mei maatskiplike partners op it mêd fan meartalichheid.
Projekten
Der rinne op it stuit by de fiif ynstituten ûnderskate projekten mei in fokus op meartalichheid binnen de Fryske kontekst:
- 3M Project fan NHL Stenden (en oare partners)
- Talen4all fan NHL Stenden (en oare partners)
- Holi-Frysk 2.0 fan NHL Stenden (en oare partners)
- EERA projekt: Determining Research Priorities on Language Education in Europe, of University of Groningen (en oare partners)
- The Virtual Language App (VirtuLApp) fan Fryske Akademy/Mercator Kennissintrum en NHL Stenden (en oare partners)
- ENROPE fan Fryske Akademy/Mercator Kennissintrum (en oare partners)
- COLING fan RuG/Campus Fryslân en Fryske Akademy/Mercator Kennissintrum (en oare partners)
- Speakaboo fan Fryske Akademy/Mercator Kennissintrum
- Centre for Research and Practice in Cultural Continuity fan RuG/Campus Fryslân (en oare partners)
- LOcal Linguistic Landscapes for global language education in the school context (LoCALL) fan Ryksuniversiteit Grins (en oare partners)
- It Online Nederlânsk-Frysk Wurdboek
- De Oersetter Frysk-Nederlânsk en Nederlânsk-Frysk
- Frysk-Nederlânske twatalige spraakwerkenning
- We the north: ‘proeftuin meertaligheid’: projekt streekmeartalichheid
Mear ynformaasje!
Wolle jo mear witte oer it MLN? Stjoer in berjocht nei Jelske Dijkstra en jou jo op foar ús nijsbrief!