Jierferslaggen
Alle jierren bringt de Fryske Akademy in jierferslach út. Yn it jierferslach wurdt ferantwurding ôflein oer de aktiviteiten fan it ôfrûne jier. De finansjele ferantwurding is te finen yn ’e jierrekken.
Publyksferzjes jierferslaggen
Publyksferzjes fan it jierferslach binne as PDF yn it Frysk en Ingelsk beskikber.
Wet normearring topynkommens (WNT)
Gegevens oer de salarissen fan funksjonarissen dy't yn it ramt fan 'e Wet normearring topynkommens (WNT) ferantwurde wurde, binne yn PDF beskikber.
2019: sjoch Jierrekken 2019
2018: sjoch Jierrekken 2018
2017: Nederlânsk
Jierrekkens
De jierrekkens fan 'e lêste jierren binne as PDF yn it Nêderlandsk beskikber.
2021: Nederlânsk & Standaardformulier publicatieplicht Fondswervende instellingen
2020: Nederlânsk & Standaardformulier publicatieplicht Fondswervende instellingen
2019: Nederlânsk
2018: Nederlânsk
2017: Nederlânsk
2016: Nederlânsk
2015: Nederlânsk
2014: Nederlânsk
2013: Nederlânsk
2012: Nederlânsk
Jierferslaggen Mercator
De jierferslaggen fan it kennissintrum foar meartaligens Mercator binne as PDF yn it Ingelsk beskikber.
2016: Ingelsk
2015: Ingelsk
2014: Ingelsk
2013: Ingelsk
2012: Ingelsk
ANBI-status
Stifting Fryske Akademy is by de belestingtsjinst fan 1 jannewaris 2008 ôf ynskreaun as in algemien nut beëagjende ynstelling (ANBI). De stifting tsjinnet streekrjocht it algemien belang en hat gjin winsteachmerk. Troch dy ANBI-status kinne jo as stiper jeften fan ’e ynkomste- of fennoatskipsbelesting ôflûke (neffens de besteande wetlike regelingen).
Statutêre namme
STICHTING FRYSKE AKADEMY
Fiskaal nûmer
0028.96.436
ANBI-status
Ja
Kontaktgegevens
klik hjir
Missie
Sûnt it oprjochtsjen fan it ynstitút yn 1938 set de Fryske Akademy him yn foar it fûneminteel en tapast wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, skiednis en kultuer. Nei goed 75 jier is dy opdracht, dy’t de Fryske mienskip de Akademy by de oprjochting meijoech, noch jimmer liedend. It is de taak fan 'e ûndersikers om 'e dynamyk fan taal en fan sosjale en histoaryske prosessen te analysearjen. Dat dogge sy troch ûndersyk te dwaan nei de Fryske taal, meartaligens, taallearen en it ferline fan Fryslân. De Fryske Akademy makket it Frysktalich en histoarysk erfgoed tagonklik foar wittenskip en maatskippij en ûntwikkelet digitale ynstruminten en kolleksjes foar ynnovearjend ûndersyk.
Doelstelling
De Fryske Akademy formulearret seis doelstellings foar it rinnende lustrum 2015-2020:
- Fuortsterkjen fan it unike karakter fan 'e Fryske Akademy;
- Befoarderjen fan it wittenskiplik klimaat yn Fryslân;
- Oparbeidzjen mei oare geastes- en sosjaalwittenskiplike KNAW-ynstituten;
- Dwaan fan ûndersyk fan nasjonaal belang;
- Fergrutsjen fan 'e ynternasjonale erkenning en útstrieling;
- Warber wêze op it snijflak fan wittenskip en maatskippij.
Strategysk Beliedsplan 2015-2020
klik hjir (pdf-dokumint)
Bestjoer
klik hjir
Beleaningsbelied
Stifting Fryske Akademy folget foar al syn meiwurkers in beleaningsbelied konform de CAO Nederlandse Universiteiten (CAO-NU). De direksjebeleaning is basearre op deselde CAO. De leden fan de Rie fan Tafersjoch ûntfange gjin fergoeding foar harren wurk. Wol kinne sy in fakaasjefergoeding krije foar eltse bywenne gearkomste en – allinne – de werklik makke ûnkosten deklarearje dy’t dêrmei gearhingje. De fakaasjefergoeding is net heger as de fergoeding de gearkomste, lykas fêststeld yn kêst 2 fan it Beslút fergoedingen advyskolleezjes en kommisje.