Skip to main content

Marit Bijlsma waarnimmend direkteur-bestjoerder

Marit Bijlsma, waarnimmend direkteur-bestjoerder.

Direkteur-bestjoerder dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm is mei yngong fan 17 oktober 2023 mei kreamferlof. Marit Bijlsma sil fan dan ôf de rol fan waarnimmend direkteur-bestjoerder op har nimme.

Marit Bijlsma wurket op dit stuit ek al by de Fryske Akademy. Hja is Koördinator Undersyksfinansiering en Strategyske Gearwurking en hat in sit yn it Management Team. Yn 'e mande mei de oare meiwurkers stiet hja de kommende moannen noed foar de kontinuïteit fan de rinnende dossiers.

Bijlsma is berikber per mail en wurket op moandei, tiisdei, tongersdei en freedtemoarns.