Skip to main content

Opiny: 'Mear Frysk lêze op skoalle: lytse muoite, grut effekt'

Undersikers Evelyn Bosma (Fryske Akademy) en Remco Knooihuizen (Universiteit Grins), ûndersikers op it mêd fan meartalige taalûntwikkeling, hawwe begryp foar de frustraasje fan Erwin Jousma fan Forum voor Democratie yn de Provinsjale Steaten: lêze yn it Frysk kostet yndied mear tiid as lêze yn it Nederlânsk, domwei omdat der net folle omtinken foar is op skoalle. En dat is spitich, want wat mear omtinken foar it Frysk soe al in grut effekt hawwe kinne.

Bosma en Knooihuizen skreaune hjir in nijsgjirrich opinyartikel oer yn it Friesch Dagblad fan 15 septimber 2022: 
Meer Fries lezen op school: kleine moeite, groot effect | Opinie