Skip to main content

Promoasje: Aldfrysk en geleard rjocht yn 15de iuwsk Fryslân

Histoarikus Marvin Wiegand ferdigenet syn proefskrift The Reception of Learned Law in Fourteenth- and Fifteenth-Century Frisia op tiisdeitemiddei 17 oktober 2023 oan de Vrije Universiteit Amsterdam. De begelieding fan it promoasjetrajekt wie yn hannen fan promotor prof. mr. Jan Hallebeek (Vrije Universiteit) en de ko-promotors dr. Han Nijdam (Fryske Akademy) en prof. dr. mr. Hylkje de Jong (Vrije Universiteit).

Om 1400 hinne ûntstie der yn Fryslân in nije rjochtstradysje, dêr’t it klassike Aldfryske rjocht fiergeand yn beynfloede waard troch it gelearde rjocht; it kanonike en Romeinske rjocht dat fan de 12de iuw ôf yn hiel midsiuwsk Europa bestudearre en praktisearre waard.

Wiegand lit oan 'e hân fan in ûndersyk nei fiif rjochtsdomeinen (kontrakten, rjochtsproseduere, dieverij, testaminten en widdowen) sjen hoe’t it Fryske rjocht ynhâldlik beynfloede waard tusken om-ende-by 1300 en 1500. It proefskrift is dêrmei net allinne in bydrage oan de Fryske rjochtsskiednis, mar ek oan de stúdzje nei de resepsje fan frjemd rjocht. De stúdzje fan dizze yngewikkelde matearje easket kennis fan it Aldfrysk en Latyn, njonken dy fan de moderne talen dêr’t hjiroer yn skreaun is: Nederlânsk, Frysk, Dútsk en Ingelsk.

De lêste dy’t him serieus mei de rjochtstradysje yn Fryslân dwaande holden hat, wie de gelearde Pieter Gerbenzon (1920-2009). No’t it Aldfrysk de lêste jieren hyltiten mear (ynternasjonaal) omtinken krige hat, is it wichtich om ek dit aspekt fan de letmidsiuwske tradysje te bestudearjen.

Marvin Wiegand
Marvin Wiegand waard yn 1992 berne te Berlyn. Hy studearre skiednis oan de Freie Universität te Berlyn en die syn Master skiednis oan de Universiteit Leiden.

Finansiering
Provinsje Fryslân en it Frysk Akademyfûns ûnderstreken it belang fan dizze stúdzje troch it ûndersyk mei te finansieren.

 

  • Sjoch hjir foar it proefskrift en de livestream.