Skip to main content

Rûnetafelpetear Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer

Twadde Keamer, Thorbeckeseal

Yn de Twadde Keamer wurdt op tongersdeitemiddei 12 oktober 2023 fan 14.00-18.00 oere in rûnetafelpetear holden oangeande de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK). Dielnimmers binne ferstjintwurdigers fan ferskate organisaasjes en bestjoeren.

De tema's dy't oan de oarder komme binne ûnderferdield yn fjouwer blokken: Blok 1: Kultuer, Wittenskip en Media (14.00 – 15.00 oere), Blok 2: Rjochtspraak (15.00 – 16.00 oere), Blok 3: Underwiis (16.00 – 17.00 oere) en Blok 4: Bestjoer (17.00 – 18.00 oere). Dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy, komt yn it earste blok oan it wurd. 

Soarchdrage foar goed klimaat
IJssennagger-van der Pluijm sil oanjaan dat de romte foar needsaaklik fûneminteel ûndersyk onder druk stiet. De BFTK soe dan ek de ambysje ferankerje moatte dat it Ryk yn 'e mande mei de Provinsje soarchdraacht foar in goed klimaat, dêr't de akademyske Frisistyk yn bedije kin. De bestjoersôfspraak soe útdrage moatte dat we dizze frisistyk - fan ûndersyk oant ûnderwiis, fan fûneminteel oant tapast - hurd nedich hawwe foar in fitale Fryske taal en kultuer, en sa ynstean foar de erkenning en it befoarderjen fan frisistyk as nasjonaal wichtige wittenskip. Dêrfoar is der in sterkere stukturele foarsjenning nedich.  

It heechste nivo
By Blok 3: Underwiis, komt ús taalkundige dr. Anne Merkuur oan it wurd, dy't ek mei út namme fan de Fryske Akademy, ferbûn is oan de learstoel Frysk fan de Rijksuniversiteit Groningen. Merkuur is fan betinken dat it nedich is dat der spesjalisten op it mêd fan de Fryske taal en kultuer oant op it heechste nivo oplaad wurde moatte, sadat it fakgebiet him ûntjaan bliuwe kin. Se bepleitet dan ek dat de finansiering fan de learstoel stabiler wurde moat en dat de beheinings foar it folgjen fan in twadde stúdzje fuortnommen wurde. 

Mear ynformaasje: