Alle hens op 't dek
It libben oan board fan de Fryske skipfeart (17de-19de iuw)
Freed 27 maart 2026. De koperen Tún, Ljouwert. 12.30-17.30 uur
Op freed 27 maart organisearret de Wurkgroep Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy, yn gearwurking mei it Fries Scheepvaart Museum en Tresoar, in sympoasium oer it deistich libben fan Fryske skipsbemanningen, sawol op lân as op see.
Yn de 17de- en 18de iuw wiene de Friezen manmachtich belutsen by de frachtfeart oer see. Hja bouden fierder op it hannelsnetwurk dat sûnt de midsiuwen it Noard- en Eastseegebiet ferbûn mei de Europeeske Atlantyske kusten en de Mediterrane havens. Fryske frachtfarders ûntwikkelen har ta spesjalisten yn it transport fan bulkguod, libbensmiddels en grûnstoffen. Nei’t om 1580 hinne in faze fan langduorjende groei ynset wie, namen Fryske frachtfarders yn de 17de- en 18de-iuw tusken de 40% en 55% fan de Eastseefeart út de Republyk foar harren rekken. It makke fan de Fryske frachtfeart in grutte lokale wurkjouwer dy't folle fierder rikte as allinnich de maritime sektor.
De tanimmende fraach nei traan joech fan de iere 17de-iuw ôf ympulsen oan de walfiskfeart. Dy rjochte him earst op Spitsbergen en letter op Grienlân oant om 1750 hinne de sektor yn ferfal rekke. Underskat en ek diels ûnbekend is it belang fan de binnenfeart dy't, faak ferbûn mei rûtes oer de Sudersee nei Hollân en Noard-Dútslân, in wichtige sektor útmakke. Benammen de turfgraverij soarge foar in libbene feart op de ôfsetmerken yn Hollân.
It deistige libben oan board
De ôfrûne twa desennia is der in soad omtinken jûn oan de rûtes, guod en it belang fan de Fryske havens. Dit sympoasium rjochtet him op it deistich libben oan board en oan de wâl fan de skippers en harren bemanningen. Fragen dy't oan bar komme geane bygelyks oer de organisaasje oan board, de gearstalling fan de faak ynternasjonale bemanningen, ûnderlinge hiërargy en de risiko's op see útienrinnend fan averij en skipbrek ta kaping en finzenskip. Egodokuminten, skipsjournalen en boekhâldingen biede ynsjoch yn persoanlike ûnderfiningen, oanmeunstering, oarder, navigaasjetechniken of yn de leanen en kosten fan libbensûnderhâld. Ut de archeology wei kinne dêr fragen oer materiële kultuer oan keppele wurde. Sa ûntstiet der mear ynsjoch yn de ynrjochting en it brûken fan it skip en de objekten dy't troch de hannen fan de bemanning giene. Wêr nedich wurdt de blik ferbrede oant de skipfeart yn Republyk.
Wy slute it sympoasium ôf mei it ôfskied fan prof. dr. Hanno Brand, senior ûndersiker by de Fryske Akademy. Hy giet mei pensjoen.
Programma
Ynrin fan 12:30 mei kofje en lunsj
Iepening en wolkom troch deifoarsitter Peter Tolsma
Mear ynformaasje folget
Mear ynformaasje folget
Mear ynformaasje folget
Het dagelijks leven op een walvisvaarder (17e-19e eeuw)
Het dagelijks leven tijdens een walvisvangstseizoen speelde zich in duidelijk te onderscheiden periodes af: de voorbereiding en heenreis, de vangstperiode, terugreis en tenslotte de afmonstering. De informatie daarover komt uit allerlei bronnen, zowel schriftelijke - zoals monsterrollen, scheepsjournalen, levensbeschrijvingen en krantenartikelen - als ook beeldmateriaal, museale objecten en archeologische vondsten.
Voor de Arctische walvisvaart van de 17e tot de 19e eeuw ging het vooral om één walvissoort, de Groenlandse walvis, en twee vangstgebieden: in de termen van die tijd "Groenland" (tegenwoordig noemen we dat Spitsbergen) en Straat Davis (de zee tussen Oost-Canada en West-Groenland). Walvisvaarders uit verschillende Europese landen maakten hier jacht op dezelfde walvissoort, die uiteindelijk bijna uitgeroeid werd.
Tussen die vangstgebieden waren er verschillen, zowel geografisch als ook qua mogelijkheden voor sociale contacten. Dat bepaalde wat de walvisvaarders aan het eind van hun reis mee naar huis namen qua inkomsten, bijzondere voorwerpen en verhalen. Om erachter te komen wat er van die verhalen waar is, hebben we informatie uit de alpha- en bèta-wetenschappen nodig, maar zeker ook uit oral history."
Mear ynformaasje folget
Taspraak fan prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm FSA, direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy, yn ferbân mei it ôfskied fan prof. dr. Hanno Brand as ûndersiker by de Fryske Akademy.
Kaartferkeap
De yntree fan it sympoasium bedraacht €20,- per persoan, ynklusyf lunsj.
Jo kinne online, fia ús ticketshop, kaarten keapje. It is net mooglik om by de yntree in kaart te keapjen.
Kontakt
Hawwe jo fragen oer it sympoasium of oer de kaartferkeap? Nim dan kontakt op mei de Fryske Akademy.
Let op: De Koperen Tún kin gjin fragen beäntwurdzje oer it sympoasium.