Skip to main content
Research at Mercator

Undersyk

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ferneamd yn Europa as ûnôfhinklik akademysk ynstitút, rjochte op ûnderwiis en belied op it mêd fan minderheidstalen. Mercator sammelet ynformaasje út hiel Europa en dielen fan Ruslân en arbeidet dêrby op mei lokale saakkundigen, ynstituten en universiteiten. It giet dan om (bgl.) it plak fan autochtoane minderheidstalen binnen it ûnderwiissysteem dêr, it stimulearjen fan dosinten om wrâldboargerskip (ynklusyf meartaligens) yn harren lessen te yntegrearjen, it plak fan minderheidstalen yn de wetjouwing fan Europeeske lannen en Russyske republiken of it oanmoedigjen fan jonge minsken om harren feardigens op it gebiet fan minderheidstalen yn te setten by it sykjen nei wurk.

   

Mercator's Regional Dossiers

Disseminaasje

It Mercator Europeesk Kennissintrum dielt en ferspriedt sammele kennis, online en troch har publikaasjes. De Mercator Regionale Dossiers bygelyks binne skreaun troch eksperts út hiel Europa, jouwe detaillearre ynformaasje oer edukaasje en wetjouwing fan minderheidstalen yn Europa. De Mercator Netwurk Nijsbrief - mei likernôch 2600 abonnees - bringt elke moanne nijs oer minderheidstalen en konferinsjes. Mercator skreaut ek undersyksrapporten, faak yn opdracht, en dy binne fergees te downloaden. De Mercator-biblioteek, dy't ûnderbrocht is by histoarysk sintrum en biblioteek Tresoar, omfettet mear as 6500 titels, sawol boeken as artikels, op it mêd fan minderheidstalen, meartaligens en taallearen.

    

Mercator's network in 2016

Ferbining sykje

As ûndersyksynstitút makket Mercator tankber gebrûk fan de mooglikheden dy't de Fryske sitewaasje biede kin as in laboratoarium fan meartaligens. Tagelyk makket Mercator foaroprinnend ûndersyk en oare nijsgjirrige ûntjouwings út oare minderheidstalenregio's tagonklik foar beliedsmakkers en oare belanghawwenden yn Fryslân. Mercator brûkt it eigen netwurk en dat fan oaren om ûndersikers en oaren yn 'e kunde komme te litten mei de twatalige mienskip dy't Fryslân is. Sa ûntfong Mercator de ôfrûne jierren yn Ljouwert ferskate ynternasjonale dosintengroepen út it primêr en fuortset ûnderwiis, mar ek ôffeardigen fan taalakademys fan oer de hiele wrâld en ûndersikers dy't stipe nedich hiene by harren ûndersyk nei meartaligens of nei Fryslân kamen foar ien fan de ferskate ynternasjonale konferinsjes dy't Mercator (mei)organisearre.