Skip to main content

Missy en doelstellingen

 

As netwurkynstelling rjochte op de takomst docht, dielt en fasilitearret de Fryske Akademy wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske kasus yn ynternasjonaal en multydissiplinêr perspektyf. Dan giet it om fûneminteel likegoed as tapast ûndersyk. De fokus leit dêrby op it Frysk, de meartalige mienskip, regionale skiednis yn ynternasjonaal perspektyf, minderheidstalen en -kultueren en ûntwikkeling fan digitale ynfrastruktueren – it leafst yn dwersferbân en yn komparatyf perspektyf.

In lyts ynstitút mei grutte ambysje en in noch grutter netwurk: ús Fryske Akademy is in ynspirearjend útwikselingsplak foar wittenskiplike kennis. In útsûnderlike ‘ûndersyks-oaze’ dêr’t, troch stêf en gasten, iepen wittenskip mei ympakt bedreaun wurdt. As ûndersyksynstitút, fuortkommend út de maatskippij, ha wy in foarrjochtsposysje, dy’t wy optimaal benutte. Wy dogge dat út de oertsjûging wei dat wy de mienskip it bêste tsjinje kinne troch op heech akademysk nivo ûndersyk te dwaan.

Mei multydissiplinêr ûndersyk leveret de Fryske Akademy fernijende bydragen oan it ynternasjonale wittenskiplike discours, draacht by oan it akademyske klimaat yn Ljouwert en Fryslân, en generearret ynspirearjende fûnemintele en tapasbere kennis foar en oer de mienskip. De Fryske Akademy wurket fanút sterk engaazjemint mei Fryslân en de Friezen, mei each foar maatskiplike ympakt, oan wittenskip op nivo.

De misje fan it Mercator European Research Centre – ûnderdiel fan de Fryske Akademy – ûnderskriuwt en fersterket de oerkoepeljende Fryske Akademymisje, troch spesifike fokus op it ûndersykjen, fersprieden en tapassen fan kennis op it mêd fan meartaligens, yndividueel en yn de mienskip, en it learen fan talen, yn formele en ynformele setting. It startpunt fan Mercator leit op it mêd fan minderheidstalen, benammen yn Europa mar ek dêrbûten. Dat giet net allinne autochtoane talen oan, mar ek migrantetalen. It kenissintrum hat de opdracht meikrigen: ‘Bring Fryslân nei Europa en helje Europa nei Fryslân’.

 

Strategysk Beliedsplan 2022-2027

Us Strategysk Beliedsplan 2022-2027 kinne jo downloade yn it Frysk, Nederlands of English (pdf).

 

Undersyksaginda 2023-2027

Us Undersyksaginda 2023-2027 kinne jo downloade yn it FryskNederlands of English (pdf).

 

Doelstellingen

Us ambysje is om as ekspertizesintrum yn hiel Europa bekend te wêzen en dêrmei de regio grutsk te meitsjen op it ynstitút. De FA wol in foarbyld wêze foar wittenskiplike ynstituten yn oare minderheidsregio’s; in ynspirearjend plak dêr’t oanstoarmjende en fêstige ûndersikers graach komme om fan ús ekspertize gebrûk te meitsjen; in feilige oaze dêr’t minsken yn alle iepenheid ideeën útwikselje kinne en dêr’t hja stimulearre wurde om de grinzen fan kennis oangeande de Fryske kasus en oanferwante tema’s, te ferlizzen. Oer tsien jier freget net ien him noch ôf wat de Fryske Akademy docht, mar hoe’tst derby belutsen wêze kinst.

Der binne wiidweidige organisaasjedoelstellingen formulearre foar it tiidramt 2022-2027 op it mêd fan profilearring, akwisysje, gearwurking en organisaasjeûntwikkeling. Dy kinne jo neilêze yn it Strategysk Beliedsplan 2022-2027 (oersetting: NL/ ENG).

 

Kearntaken

De kearntaak fan de Fryske Akademy is it dwaan fan kwalitatyf heechsteand wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske Kasus, mei ympakt. ICT en de ûntwikkeling fan digitaal ark en kolleksjes spylje in hyltiten wichtiger rol. Yn it ferlingde dêrfan kinne de neikommende kearntaken ûnderskieden wurde:  

  • Aktive dielname oan it ynternasjonale wittenskiplik debat troch it leverjen fan heechweardige publikaasjes en dielnimmen oan kongressen en sympoasia.
  • Bydrage oan it behâld en it befoarderjen fan it Frysk as twadde rykstaal.  
  • Kennisgarje en kennis diele oangeande de Fryske taal, kultuer en skiednis foar maatskiplike partijen.  
  • It entamearjen en oangean fan gearwurkingsferbannen mei regionale kennisynstellings en mei universiteiten en ûndersyksynstituten yn binnen- en bûtenlân. 
  • It ûntwikkeljen fan gearwurkingsferbannen mei oerheden in regio's mei minderheidstaleproblematyk.
  • It ferrjochtsjen fan opdrachtûndersyk foar de ûntwikkeling fan regionaal en Europeesk oerheidsbeleid.
  • It oanlizzen en ûnderhâlden fan digitale kolleksjes oangeande it Frysk sprutsen en skreaune erfgoed.

 

Kearnwearden

De kearnwearden fan de Fryske Akademy binne yn it Strategysk Beliedsplan 2022-2027 formulearre:

  • Ympaktfol: ús unike ekspertize, ús ûndersyk en ús aginda, hoe’t wy kennis diele, hoe’t wy gearwurkje as team en mei oaren, hat ympakt.
  • Iepen: wy sette yn op Open Science en Open Access, wy binne benaderber, ynklusyf, wikselje út, wurkje gear, binne wiis mei feedback en litte minsken profitearje fan ús oaze.
  • Pro-aktyf: wy sette takomstrjochte ûndersyksaginda’s del, nimme inisjatyf, sykje ferbining, wy binne ambisjeus, yntrinsyk motivearre, strategysk, wy kommunisearje aktyf.
  • Fleksibel: fanút ús misje sette wy ús kennis yn dêr’t dy nedich is, wy spylje yn op kânsen en ûntwikkelings, wy binne takomstrjochte en net bang om by te stjoeren, wy wurkje as fleksibel team.
  • Betrouber: ús kennis en ús minsken binne ús kaptaal; wy soargje dat ús kennis up-to-date, ferantwurde, ynteger en boarge is, wy betrouwe op ús misje, gean prudint om mei de middels dy’t troch de maatskippij ta ús foldwaan steld wurde; wy binne in betroubere gearwurkingspartner, dy’t docht wat er taseit.