Utjeften
De Fryske Akademy hat yn syn bestean mear as tûzen boeken útjûn op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij. Op termyn komme in tal fan nije en âlde útjeften op dizze side beskikber. Hjirûnder fine jo in oersjoch fan tydskriften en jierboeken en in tal fan online publikaasjes dy't fergees download wurde kinne.
- Us ûndersyksoutput (lykas proefskriften, artikels en oare publikaasjes fan ús meiwurkers) binne te finen yn ús publikaasjeoersjoch.


Tydskriften, jierboeken en kongresbondels
It Beaken
- It Beaken is it wittenskiplik tydskrift fan de Fryske Akademy. It is in meartalich poadium fan en foar wittenskippers dy’t harren útlizze op it beoefenjen fan wittenskiplik ûndersyk nei de skiednis fan Fryslân, de Fryske taal en letterkunde en aspekten fan de hjoeddeiske Fryske maatskippij. It Beaken is fan jiergong 71 (2009) ôf online beskikber. Gean nei: www.fryske-akademy.nl/itbeaken.
De Vrije Fries
- De Vrije Fries is in jierboek dat ferskynt yn gearwurking mei it Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer. De earste ôflevering fan De Vrije Fries ferskynde yn 1839. De Vrije Fries hat in eigen website dêr't hast alle jiergongen as pdf-download beskikber binne: www.friesgenootschap.nl/index.php/nl/online-artikelen.
Genealogysk Jierboek
- It Genealogysk Jierboek wurdt sûnt 1951 útjûn troch de Fryske Akademy en stiet ûnder redaksje fan leden fan it Genealogysk Wurkferbân. It jierboek befettet genealogyske bydragen, lykas kertiersteaten, parentelen en oare rekonstruksjes fan famyljerelaasjes út eardere tiden, en in oersjoch fan wapenregistraasjes troch de Fryske Rie foar Heraldyk. Alle jiergongen fan 1990 ôf binne online beskikber.
Philologia Frisica
- Philologia Frisica is in kongresbondel mei in seleksje fan lêzingen fan it Frysk Filologekongres, dat tusken 1956 en 2014 in ynternasjonaal poadium wie foar wittenskiplik debat oangeande de frisistyk. Alle kongresbondels binne online beskikber.
Literêre Rigen
- De Fryske Akademy is oprjochte yn 1938 en hat sûnt mear as tûzen publikaasjes útjûn. Under oaren literêre rigen: Magnus Rige, Iduna Rige, Holder Rige en Minsken en Boeken. Sjoch foar in oersjoch dizze side.


Undersyksrapporten
De Fryske Akademy fiert geregeldwei tapaste ûndersyksprojekten út, lykas op it mêd fan Frysk taalgebrûk of ekonomysk belied. Hjirûnder binne in tal resinte ûndersyksrapporten gearbrocht.
Taalstúdzjes
- Fries-Nederlandse contactvariëteiten in Fryslân. Rapport voor de Nederlandse Taalunie (februari 2019)
Ekonomyske fitaliteitsskens
In rige fan fjouwer stúdzjes, part fan in mearjierrich ûndersyk nei ekonomysk belied yn de regio Noardeast-Fryslân. Yn dizze jierrapporten wurde trends en ûntwikkelingen yn wurden en sifers beneamd.
- Economische vitaliteitsscan Noordoost-Fryslân 2017 (Proeftuineditie)
Rapporten fan Mercator Research Centre
Geregeldwei fiert kennissintrum Mercator ûndersyk út yn opdracht fan it Europeesk Parlemint, Provinsje Fryslân of in Fryske gemeente.
- Paulus van Sluis: Seven perspectives on Bildts (juny 2015)
- Lysbeth Jongbloed-Faber: Friezen op sosjale media (novimber 2015)
- Lysbeth Jongbloed-Faber:Taalgebrûk fan Fryske jongerein op sosjale media (april 2014)
- Gean foar mear Mercator-publikaasjes nei www.mercator-research.eu.


Online publikaasjes
Der binne ek online publikaasjes te downloaden en te besjen. Yn 'e takomst sille wy op ús website in grutter tal Akademy-útjeften as PDF oanbiede.
Fryske taalkunde
- Taalportaal sammelet alle grammatikale kennis fan it Nederlânsk, it Frysk en it Afrikaansk op 'e neikommende mêden: lûdlear ofwol fonology, wurdlear ofwol morfology en sinlear ofwol syntaksis. De website is opboud neffens in wiki-eftige struktuer. Gean nei: www.taalportaal.org.
- Foarriedige bibliografy fan artikels oer de taalkunde fan it Nijfrysk (ferzje 01-04-2017, PDF): bibliografy fan taalkundige artikels oer it moderne Frysk (nei 1800) dy't oant 2017 ferskynd binne op it mêd fan syntaksis, morfology, fonology, leksikografy, dialektology, taalkontakt en taalferoaring en ortografy.
- Fryske staveringshifkers binne as downloads beskikber op de website Taalweb Frysk: www.taalweb.frl/downloads.
- Wurdlisten fan 'e Fryske stedsdialekten (Fryske Akademy, 1998) troch Pieter Duijff. Wurdlisten fan 'e sân stedsdialekten fan Ljouwert, Boalsert, Dokkum, Frjentsjer, Harns, Snits en Starum, dy't de ferskillen tusken de dialekten sjen litte en in systematysk ferlykjen mooglik meitsje.
Skiednis: boarneútjeften
- Administrative en fiskale boarnen oangeande Fryslân yn de iermoderne tiid (Fryske Akademy, 1993)
- Fryske testaminten oant 1550 (Fryske Akademy, 1994)
- Skoalmasters yn Fryslân (1600-1950): side mei gegevens dy't troch Hartman Sannes (1890-1956) sammele binne oer skoalmasters yn Fryslân tusken sirka 1600 en 1950.
- Het Hindelooper scheepsboek (1715-1718) van Johannes Hempenius (1686-1760); opvarenden en reders van zeeschepen, besoarge troch Peter van der Meer en Jan de Vries