Skip to main content

Bestjoer en organisaasje

De stifting Fryske Akademy is op 10 septimber 1938 oprjochte yn Ljouwert. Neffens syn karbrief hat de Akademy as doel "it yn-stân-hâlden fan in wurkmienskip, dy't him útleit op it beoefenjen fan de wittenskip dy't mei Fryslân, it Fryske folk en syn kultuer yn al syn uterings, en soks yn de wiidste omfieming, ferbûn is".

Hjirûnder binne as pdf-dokumint te downloaden:

 

Direkteur-bestjoerder dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm

Direkteur-bestjoerder

De deistige lieding oer de stifting Fryske Akademy is yn hannen fan de direkteur-bestjoerder. De direkteur-bestjoerder (DB) is einferantwurdlik foar alle wurksumheden en besluten dy’t mei de Akademy gearhingje. Hja leit ferantwurding ôf oan 'e Ried fan Tafersjoch neffens it karbrief en it húshâldlik reglemint.

  • dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm is sûnt maart 2021 direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy.

 

Managementteam

De DB wurdt advisearre troch in managementteam (MT). 

De fertsjintwurdiging is sûnt 1 jannewaris 2021 as neikommend fêstlein:

  • Joop Petter, Haad Finânsjes
  • fakant, Haad Planning en Akwisysje

E-mail: direksjesekretariaat@fryske-akademy.nl

 

Rie fan Tafersjoch, f.l.n.r. Anthonya Visser, Jacob Fokkema (foarsitter), Houkje Rijpstra (adviseur), Seerp Leistra en ôfgien lid Wybren Eijzenga.

Ried fan Tafersjoch

Op grûn fan it karbrief hat de Fryske Akademy in Ried fan Tafersjoch. De Ried sjocht ta op it troch de direkteur-bestjoerder fierde belied en behear.

De Ried fan Tafersjoch bestiet sûnt 31 jannewaris 2021 út:

  • prof. dr. ir. Jacob T. Fokkema, Schiedam (foarsitter)
  • Wim Kleinhuis, De Gordyk
  • Seerp Y. Leistra, Grins
  • prof. dr. Anthonya Visser, Amsterdam
  •  
  • drs. Houkje Rijpstra, Gytsjerk (adviseur fan de Ried fan Tafersjoch)

 

Undernimmingsried

De Fryske Akademy hat in Undernimmingsried (UR) dêr’t fiif meiwurkers fan ’e Akademy sitting yn hawwe. It foech fan ’e UR, dat ûnder oaren it advysrjocht, it ynstimmingsrjocht en it ynisjatyfrjocht oanbelanget, is regele yn ’e Wet op de Ondernemingsraden (WOR). Neffens de WOR wurket de ûndernimmingsried yn it belang fan it goed funksjonearjen fan ’e ûndernimming.

Sûnt 1 jannewaris 2021 is de gearstalling fan 'e UR sa:

  • Eduard Drenth (foarsitter)
  • Edwin Klinkenberg (skriuwer)
  • Han Nijdam (fise-foarsitter)
  • Willem Visser
  • fakant

E-mail: ur@fryske-akademy.nl

 

Stifting Frysk Akademyfûns

It Frysk Akademyfûns is op 19 july 1968 oprjochte om jilden byinoar te bringen mei as doel Frysk wittenskiplik wurk yn de wiidste betsjutting fuort te sterkjen. Dêrûnder wurdt ek it befoarderjen fan in ridlike hûsfêsting op it stik fan gebouwen en replik goed fan de Fryske Akademy ferstean. It Frysk Akademyfûns stiet as rjochtspersoan los fan de Stifting Fryske Akademy en it fermogen wurdt foarme troch û.o. donaasjes, skinkingen en neilittenskippen.

Mei yngong fan 20 maart 2021 is de gearstalling fan it bestjoer as neikommend:

  • drs. Jan Kersbergen (foarsitter)
  • drs. Jos Tjalsma (skriuwer/ponghâlder)
  • mr. Ernest de Lange
  • mr. Rembrandt Veldhuyzen van Zanten

E-mail: faf@fryskakademyfuns.nl
Mear ynformaasje: www.fryskakademyfuns.nl