Eksterne beoardieling
De KNAW hâldt it finansjeel en wittenskiplik tafersjoch oer de Fryske Akademy. Yn dat ramt wurdt ien kear yn 'e seis jier yn opdracht fan 'e KNAW in ûndersyksevaluaasje fan it ynstitút útfierd. In eksterne fisitaasjekommisje jout dan in ûnôfhinklik en saakkundich oardiel oer de wittenskiplike prestaasjes fan 'e Fryske Akademy oer de ôfrûne seis jier.
2024
Op 4 juny 2024 kaam in eksterne fisitaasjekommisje del om in ûnôfhinklik en saakkundich oardiel te foarmjen oer de wittenskiplike prestaasjes fan de Fryske Akademy. As tarieding hie in wurkgroep fan de Fryske Akademy in wiidweidige selsevaluaasje skreaun. Nei in dei fan ynterviews mei ûndersikers en belanghawwenden hat de kommisje in goede yndruk krigen fan ús organisaasje. It fisitaasjerapport sil yn de twadde helte fan 2024 klear wêze. Dat fisitaasjerapport, mei it selsevaluaasjerapport, mei it stânpunt fan it KNAW-bestjoer oangeande de evaluaasje fan 'e Fryske Akademy en mei de reaksjes fan Fryske Akademy, Rie fan Tafersjoch en Provinsje Fryslân, sil dan hjir op de website pleatst wurde.
Eardere fisitaasjes
De foarlêste fisitaasje fûn plak yn novimber 2015. Hjirûnder is alle dokumintaasje fan de twa lêste fisitaasjes werom te finen.
Evaluaasjedossier 2009-2014 (2015)
Hjirûnder binne as PDF te downloaden:
- Fisitaasjerapport Fryske Akademy (2015) troch evaluaasjekommisje ûnder foarsitterskip fan prof.dr. Geert Booij
- Selsevaluaasjerapport fan 'e Fryske Akademy oangeande de perioade 2009-2014
- Stânpunt KNAW-bestjoer oangeande de evaluaasje fan 'e Fryske Akademy (12 febrewaris 2016)
- Reaksje Fryske Akademy (31 jannewaris 2016)
- Reaksje Rie fan Tafersjoch en Wittenskipskommisje Fryske Akademy (31 jannewaris 2016)
- Reaksje Provinsje Fryslân (26 jannewaris 2016)
- Reaksje Maatskiplike Advysrie Fryske Akademy (29 jannewaris 2016)
Evaluaasjedossier 2002-2008 (2009)
Hjirûnder binne as PDF te downloaden:
- Fisitaasjerapport Fryske Akademy (maart-april 2009) troch evaluaasjekommisje ûnder foarsitterskip fan prof. Maarten Prak
- Selsevaluaasjerapport fan 'e Fryske Akademy oangeande de perioade 2002-2008 (2 maart 2009)
- Stânpunt fan it KNAW-bestjoer oangeande de evaluaasje fan 'e Fryske Akademy (septimber 2009)
- Reaksje Fryske Akademy (28 maaie 2009)
- Reaksje Rie fan Tafersjoch Fryske Akademy (9 juny 2009)
- Reaksje Provinsje Fryslân (12 juny 2009)
- Reaksje Wittenskipskommisje Fryske Akademy (8 july 2009)
- Reaksje Maatskiplike Advysrie Fryske Akademy (26 juny 2009)