Skip to main content

Leden en lidmaatskip

 

As wittenskiplik ynstitút hat de Fryske Akademy al sûnt syn oprjochting leden. Akademyleden binne persoanen fan rûnom op 'e wrâld, dy't dy ûnderskieding wurdich binne op grûn fan fertsjinsten op it mêd fan de Fryske wittenskip, fertsjinsten foar de Fryske kultuer, of in grutte, oanhâldende niget oan de wittenskip of foar de Fryske kultuer yn it algemien.

 

Beneaming

Stipers en leden fan 'e Fryske Akademy kinne it hiele jier troch lju foar beneaming ta lid fan 'e Fryske Akademy foardrage. Op de Akademydei wurde nije leden beneamd troch de direkteur-bestjoerder, dy't by de beoardieling fan de foardracht stipe wurdt troch de beneamingskommisje.

Foar in beneaming op de Akademydei yn 2024 (freed 13 septimber 2024) moatte foardrachten op syn lêst op snein 31 maart 2024 yntsjinne wêze by de direkteur-bestjoerder. Jo kinne dêrby gebrûk meitsje fan ûndersteand formulier. 

By de foardracht moat dúdlik motivearre wurde wêrom't de foardroegene it lidmaatskip fertsjinnet. At it heal kin, wolle wy ek graach it e-mailadres fan 'e foardroegene hawwe. Set jo eigen kontaktgegevens der ek by, want as de foardroegen kandidaat ta lid beneamd wurdt, wolle wy jo ek graach útnûgje.

 

 
Funksje fan de leden

Fuort by it oprjochtsjen fan 'e Fryske Akademy yn 1938 waarden al hûndert minsken beneamd ta lid. It wie doe de bedoeling dat dy leden wurk foar de Fryske Akademy dwaan soene, mar der is noait in offisjeel ûnderskied makke — sa't yn dy tiid wol barde by oare ynstellingen — tusken gewoane en wurkjende leden. Likegoed hawwe troch de desennia hinne in protte leden harren ynset foar de mannichfâlde wurkgroepen en wurkferbannen fan 'e Fryske Akademy.

Hjoed-de-dei binne leden foar de Fryske Akademy wichtich as ambassadeurs, dy't oantrune wurde om aktyf mei te tinken op it mêd fan it wittenskiplik ûndersyk en de maatskiplike posysje fan 'e Fryske Akademy. Mar boppe alles is it lidmaatskip in erkenning fan immens wittenskiplike of kulturele fertsjinsten.

Op it stuit hat de Fryske Akademy sa'n 240 leden.