Skip to main content

Fryske Akademy/ Mercator ûndersikers presintearren resultaten COLING-projekt yn Area Grecanica (IT)

Op 21 en 22 septimber 2023 presintearren Fryske Akademy/ Mercator ûndersikers Hans Van de Velde, Charlie Robinson-Jones en Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, tegearre mei inkelde oare kollega’s, de resultaten fan harren ûndersiken op de konferinsje Lingue “minori”, opportunità maggiori: i risultati del progetto COLING nell’area Grecanica (Minority languages, major opportunities: the results of the COLING project in the Grecanic area). De konferinsje wie de ôfsluting fan in Horizon 2020 - projekt foar de promoasje en ûntwikkeling fan duorsume maatregels foar de refitalisaasje en it behâld fan minderheidstalen.

De konferinsje, dy't holden waard yn de histoaryske doarpkes Gallicianò en Bova, luts mear as 30 dielnimmers út Itaalje en oare Europeeske lannen, ynklusyf ûndersikers dy't tegearre mei GAL Area Grecanica wurkje oan it stypjen en beskermjen fan de Greko minderheid. Mei grutskens felisitearje wy de folgjende ûndersikers fan de Fryske Akademy/ Mercator, dy't harren ûndersyk nei de Greko taal, kultuer en tradysjes presintearre hawwe:

  • Hans Van de Velde: The fading linguistic landscape of Greko and Greek
  • Charlie Robinson-Jones: Qual è il ruolo dei paesaggi linguistici nei musei che rappresentano le minoranze linguistiche? – il caso del Museo della Lingua Greco-Calabra “Gerhard Rohlfs” (What is the role of linguistic landscapes in museums representing linguistic minorities? – the case of the “Gerhard Rohlfs” Museum of the Calabrian-Greek Language)
  • Nelleke IJssennagger-van der Pluijm: The longer history of minority cultures in Europe: A case study of Calabrian-Greeks and the dynamics of the Norman period
  • Jim Slemmer (staazjerinner, Utrecht University): Cosa possiamo fare per il Greko? (What can we do for Greko?)
  • Alexandra Has (staazjerinner, University of Groningen): VLOG Alexandra in Calabria
  • Didier Demolin: The making of a lyre (a traditional Calabrian musical instrument)

Ek oare konsortsiumleden fan it COLING-projekt, wêrûnder GAL Area Grecanica en de Universiteit fan Warsaw, presintearren harren ûndersyksresultaten en útkomsten, lykas Greko-lesmateriaal en in dokumintêre oer To Ddomadi Greko in simmerskoalle dêr't de Greko taal en kultuer ûnderwiisd wurdt).

It folsleine programma fan de konferinsje fine jo hjir.