Skip to main content

Fryslân is oer de hiele wrâld bekend om syn suvel en dêrom binne wy grutsk op ús boeren en technologen. Harren kunde en organisaasjekrêft joech Fryslân hieltyd wer in foarsprong. Dy grutskens jout selsbetrouwen foar de útdaging fan de 21ste iuw: it produsearjen fan duorsume suvel. Tagelyk witte wy dat produsinten it net allinne ôf kinne. Fan konsuminten wurdt ek wat ferwachte. Hoe kinne dy (noch mear) in bydrage leverje oan duorsume suvel?

De diskusje oer dy fragen wurdt ynlaat mei twa presintaasjes fan resint ûndersyk. It Fries Sociaal Planbureau presintearret in enkête oer duorsume lânbou en de Fryske boarger. De Fryske Akademy makket de resultaten bekend fan de earste 'Agri & Food Scan Fryslân’. Yn dy sken binne sifers, trends en ûntjouwings yn byld brocht fan it jier 2000 ôf.

  

    Wannear: woansdei 21 novimber 2018, 19.45-21.30 oere
    Wêr: Marne College, Skoallestrjitte 1, 8701 DX Boalsert
    Tagong: de tagong ta it sympoasium is fergees. Opjefte yn it foar wurdt lykwols op priis steld. Dat kin, oant en mei 18 novimber 2018, fia it opjefteformulier
    Fiertaal: Nederlânsk

  

Programma

 

Jûnfoarsitter: Marijn Molema

19.45

Begjin sympoasium (ynrin fan 19.15 ôf)

Yntroduksje troch jûnfoarsitter Marijn Molema (Fryske Akademy)

20.00

Presintaasje ûndersyk:

Agri & Food Scan Fryslân - Ronald Plantinga (Fryske Akademy)

Duorsome lânbou en de Fryske boarger -  Miranda Visser (Fries Sociaal Planbureau)

20.30

Reaksjes út de seal

20.45

Diskusje en dialooch, mei û.o.:

Trienke Elshof (LTO Noord)

Wiebren van Stralen (FrieslandCampina)

21.15

Ofrûning en neipetear by in drankje 

  • Lês hjir it ferslach fan ús foarige diskusjejûn yn Boalsert oer griene suvel (7 maart 2018)

 

De organisaasje fan dit sympoasium is yn hannen fan de Fryske Akademy en it Lânboukundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy. Dit mienskipsprojekt heart ta de LF2018-aktiviteiten yn de gemeente Súdwest-Fryslân.