Skip to main content

'Wit goud, groene woestijn': de Fryske suvelsektor nei 1945

Yn 2021 promovearre Ronald Plantinga op in ûndersyk nei de Fryske suvelsektor (1945-2020). Plantinga is sosjaal-ekonomysk histoarikus en as promovendus wie hy ferbûn oan ’e Fryske Akademy en ’e Ryksuniversiteit Grins. Fan syn proefskrift Nooit meer honger en natuurinclusief: Productiviteitsgroei en duurzaamheid in de Friese zuivelsector, 1945-2020 is no in hannelsedysje útbrocht. 

 

Wit goud, groene woestijn

It boek 'Wit goud, groene woestijn. Zuivelproductie en het Friese landschap na 1945' is útjûn troch Uitgeverij Noordboek as paperback en befettet 272 bledsiden.

"De Fryske suvelsektor feroare nei 1945 yngripend. Lytse suvelfabriken en melkfeehâlderijen waarden grutskalige bedriuwen. Hânmjittich wurk waard op grutte skaal meganisearre. De produktiviteit naam bot ta, wylst it tal boeren en wurknimmers bot ôfnaam. Tagelyk naam de miljeufersmoarging ta, it lânskip minder ferskaat, en de biodiversiteit yn it agrarysk gebiet naam ôf."

"De ynfloed op miljeu en lânskip steane hjoed-de-dei folop yn de publike belangstelling, sa 't bliken docht út boereprotesten en diskusjes oer klimaatferoaring. Der is in lûde rop om duorsume produksje fan iten.  Lânbou-organisaasjes en regionale oerheden spylje hjoed-de-dei in hieltyd gruttere rol by it realisearjen fan dizze duorsumenstransysje. Mar hokker rol spilen regionale aktoaren yn de yngripende ynnovaasjeprosessen yn de nei-oarlochske Fryske suvelsektor? Dit boek lit dat oan de hân fan de nei-oarlochske skiednis fan suvelproduksje yn Fryslân sjen."

"Ronald Plantinga is promovearre op syn ûndersyk nei de rol fan regionale organisaasjes by de ûntwikkelingen yn de Fryske suvelsektor, en is no wurksum as dosint en ûndersiker by de Ryksuniversiteit Grins."