
1666: De Ingelske Fuery op Flylân en Skylge
Jiersympoasium Wurkgroep Maritime Skiednis
- Datum en tiid: sneon 21 jannewaris 2017 | 14.00-18.30
Plak: Maritieme Academie Harlingen, Almenumerweg 1, 8861 KM Harns (foar it stasjon oer)
Mear ynformaasje: Tel. 06-51 66 95 27 (Jelle Jan Koopmans, skriuwer Wurkgroep)
Utnûgingsfolder: download hjir (pdf)
Under lieding fan skout-by-nacht Robert Holmes foel in Ingelske float it Fly tusken Flylân en Skylge yn op 19 en 20 augustus 1666. De Ingelsen foelen earst de foar anker lizzende keapfardijskippen oan en dêrnei it doarp West-Skylge. Alles gie yn flammen op. De skea wie tige grut. De goed 150 keapfarders wiene laden mei fracht foar de Eastsee. De wearde waard rûsd op 2 à 3 miljoen gûne. West-Skylge gie hast folslein troch brân ferlern. East-Flylân waard as in wûnder sparre troch opkommend min waar.
Dizze foarfallen foarmen it Nederlânske djiptepunt yn de Twadde Ingelske Oarloch (1665-1667). De Republyk naam revâns yn 1667 mei de gong nei Chatham, wêrnei 't dizze oarloch mei in geunstige frede beëinige wurde koe.
De Ingelske Fuery hat altyd folle minder omtinken krigen as de romrofte tocht nei Chatham. Neffens de Wurkgroep Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy hat it doel om dy episoade út de skiednis te beljochtsjen mei de ynsjoggen fan no.
Programma
13.30 | Untfangst mei kofje/tee |
---|---|
14.00 | Iepening fan it sympoasium troch Rob Leemans (foarsitter Wurkgroep Maritime Skiednis) en Peter Tolsma (deifoarsitter) Wolkom Maritieme Academie Harlingen troch direkteur Arjen Mintjes Het belang van Vliestroom en Texelstroom voor de Koopvaardij troch Paul van Royen De Marine-organisatie ten tijde van de Republiek troch Adri van Vliet De Engelse Zeeoorlogen troch Jaap de Kam |
15.45 | Skoft |
16.15 | De Ramp op het Vlie troch Anne Doedens De Brand van West-Terschelling troch Frans Breukelman Holmes Bonfire als politiek-culturele clash troch Gijs Rommelse |
17.45 | Ofsluting troch Rob Leemans |
18.00 | Buorrel mei oanslutend buffet |
Tagong en opjefte
It sympoasium is foar elkenien tagonklik. Opjaan en betelling fia ynternet hat ús foarkar. Gean dêrfoar nei it registraasje- en betelformulier.
Oer de Wurkgroep Maritime Skiednis
Dizze wurkgroep fan de Fryske Akademy is oprjochte yn 2009 mei as doel it befoarderjen fan de stúdzje nei de maritieme skiednis fan Fryslân, ûnder oaren troch it organisearjen fan in jierlikse sympoasiumdei. Lês mear op dizze side oer de aktiviteiten fan de Wurkgroep Maritime Skiednis.