Skip to main content

Letterkundich Netwurk

It Letterkundich Netwurk (besteande út it eardere Literêr-Histoarysk Wurkferbân) hâldt him dwaande mei it bestudearjen fan de literatuer en literatuerskiednis fan Fryslân yn syn wiidste omfieming.

 

Oprjochtingsjier

1951 (as Literêr-Histoarysk Wurkferbân)

 

Bestjoer en kontakt

Foarsitter: Eric Hoekstra (e-mail)
Skriuwer: Reinier Salverda (e-mail)

 

Wat dogge wy allegear?

Aktiviteiten lykas de neikommende:

  • it reemeitsjen fan Fryske tekstútjeften (bygelyks J.C.P. Salverda, H.G. van der Veen en R.B. Windsma);
  • it gearstallen fan bio- en bibliografyen fan Fryske skriuwers;
  • stúdzje nei it Oera-Linda-Boek;
  • it stypjen fan studinten;
  • in kartoteek gearstalle fan bibliografyen fan 19e-iuwske publikaasjes;
  • it organisearjen fan lêzingen; op 7 oktober 2016 is de earste Dei fan de Fryske Letterkunde organisearre. Op 23-25 april 2018 waard in trije-deistige edysje fan dit kongres organisearre, as ûnderdiel fan de 1st Conference on Frisian Humanities.

Sjoch ek ús jierferslaggen 2016, 2018 en 2019 (pdf).

 

Redaksje Literêre Rigen 

De Redaksje Literêre Rigen fersoarget útjeften yn de neikommende Literêre Rigen fan de Fryske Akademy:

  • Magnus Rige, foar Midfryske teksten
  • Iduna Rige, foar njoggentjinde-iuwske teksten
  • Holder Rige, foar tweintichste-iuwske teksten
  • Minsken en Boeken, Rige bio- en bibliografyske skriften

De redaksje bestiet út:

Foarsitter: Piter Boersma (e-mail)
Skriuwer: Janneke Spoelstra (e-mail)
Ernst Bruinsma (Afûk)
Goffe Jensma (pensionearre Ryksuniversiteit Grins)
André Looijinga (Fryske Akademy/Universiteit van Amsterdam)
Meindert Reitsma (Tresoar)

  

Resinte letterkundige aktiviteiten

  • Yn ’e Rige Minsken en Boeken kaam in blomlêzing út fan de gedichten fan Waling Dykstra, Duvelskeunster (2019), gearstald troch Abe de Vries. Yn 2015 kaam yn deselde rige in blomlêzing út fan de Fryske en Hollânske fersen fan Johannes Bernard Schepers, Zonder liefde leefde nooit een lied, gearstald troch Tsjerk Veenstra.
  • Midfrysk Goud, in blomlêzing dêr't yn besocht wurdt it perspektyf op Fryske literatuer yn de 17de iuw by te stjoeren, ferskynde yn 2015 by útjouwerij Elikser. De útjefte waard troch Eric Hoekstra en Reinier Salverda presintearre op Akademydei fan dat jier.