Skip to main content

Oprop foar masterskripsjes oangeande Fryske taal en kultuer

Universitêre studinten kinne harren masterskripsje ynstjoere foar de Skripsjepriis 2020-2022 fan de Fryske Akademy. It bêste skripsjeûndersyk op it mêd fan ’e Fryske taal en kultuer wurdt beleanne mei tûzen euro. De priis  wurdt ien kear yn de twa jier útrikt.

Masterskripsjes kinne oant 1 juny 2022 ynstjoerd wurde foar de Skripsjepriis, dêrfoar moat wol in tal betingsten foldien wurde. It ûnderwerp fan ’e skripsje moat lizze op it mêd fan ’e Fryske taal en kultuer, lykas Fryske taal- en letterkunde, skiednis of sosjale wittenskippen. De skripsje moat skreaun wêze (en goedkard troch de oplieding) nei 1 juny 2020 en foar 1 juny 2022. Allinnich WU-Masterskripsjes kinne yn ’e beneaming komme foar de Skripsjepriis.

In wittenskiplike sjuery, gearstald út Akademyfermidden, sil de skripsjes beoardielje. Oer de útslach wurdt net korrespondearre en it ynstjoerde eksimplaar fan ‘e skripsje wurdt net retoernearre.

Ynstjoere
Fan de gadingmakkers ûntfange wy graach ien papieren eksimplaar en in digitaal eksimplaar (pdf-dokumint) foar 1 juny oankommend. It papieren eksimplaar kin stjoerd wurde nei:

  • Fryske Akademy
    Skripsjepriis
    Postbus 54
    8900 AB Ljouwert

It digitaal eksimplaar kin maild wurde nei: skripsjepriis@fryske-akademy.nl.

De Skripsjepriis waard ynsteld by it fyftichjierrich bestean fan ’e Fryske Akademy yn 1988, mei as doel om studinten dy’t wittenskiplik ûnderwiis folgje in oantrún te jaan har ûndersyk op Fryske tema’s te rjochtsjen.