Skip to main content

Kening Redbad sintraal op Dei foar Eastfryske skiednis

De Ostfriesische Landschaft, it Niedersächsische Landesarchiv, organisearje yn 'e mande mei de Fryske Akademy de Dei fan de Eastfryske Skiednis op sneon 18 novimber te Aurich (D) fan 10.00 oere ôf. It tema fan de dei is: Radbod/Redbad. Ein friesischer König des Frühmittelalters in Legende und Geschichte. 

Fan 679 oant 719 nei Kristus, wie Radbod, dy't yn Nederlân Redbad of Radboud neamd waard, kening fan de Friezen. Mei syn wjerstân tsjin de macht fan it Frankyske Ryk en syn pogingen om it folk kristlik te meitsjen, spilet er in wichtige rol as "plak fan oantinken", benammen foar de Westerlauwerske Friezen. Mar ek yn Eastfryslân libbet er oant hjoed-de-dei troch,benammen yn mûnling oerlevere sagen en leginden; skreaune boarnen binne foar dizze iere perioade yn de Fryske skiednis spitigernôch beheind. 

Fan de Fryske Akademy út sille dr. Han Nijdam, prof. dr. Hans Mol en dr. Simon Halink op 'e tekst. Nijdam sil it mei drs. Otto Knottnerus  hawwe oer 'Redbad - Frysk kening foar altiten!'. Mol giet yn op de bewegingsromte fan kening Redbad en Halink syn lêzing hat as titel: 'Radbods Nachleben als friesischer Freiheitskämper'. Njonken dizze lêzings is der ek noch in lêzing fan dr. Sonja König fan de Ostfriesische Landschaft. Har lêzing giet oer de Radbodsberch by Brill yn it gebiet Wittmund. De dei wurdt om 12.45 oere ôfsletten mei in diskusje. 

Programma
Sjoch foar mear ynformaasje en it programma op de website fan de Ostfriesische Landschaft.