Boekpresintaasje Janneke Spoelstra, Leonardo Oranje Hotel, Ljouwert
Op woansdei 12 novimber 2025, op de tredde Conference on Frisian Humanities, sil Janneke Spoelstra har bondel presintearje yn it Leonardo Oranje Hotel yn Ljouwert. De bondel hat de titel Wêr bliuwe de froulju? Ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988-2023) meikrigen en wurdt útjûn by Afûk.
Programma boekpresintaasje
14:15 oere: Ynrin
14:45 oere: start programma, mei…
• Iepening troch Froukje Sijtsma
• Lêzing Fleur Speet (collectief Fixdit), oer ‘vrouwelijke auteurs in de Nederlandstalige letteren en de disbalans in waardering’
• Muzyk fan Immen
• Janneke Spoelstra, oer it gearstallen fan de ynterviewbondel
• Foardracht ynterviewde dichters
• Utjouwer Ernst Bruinsma (Afûk), oer de útjefte
• Oanbieding fan it boek oan Gabrielle Terpstra en foardracht fan Gabrielle Terpstra
17:10 oere: Ofsluting en neisit
Bywenje?
De seal is fol. Oanmelde is net mear mooglik.