Skip to main content Skip to page footer

85 jier Fryske Akademy

Op 10 septimber 2023 bestiet de Fryske Akademy 85 jier. Dat is in momint om te fielen dat de Fryske Akademy ús Akademy is en dat it ûndersyk nei de Fryske kasus yn al har foarmen en ferskaat foar elk betsjutting biede kin – binnen en bûten it ynstitút, binnen en bûten Fryslân. It is in mylpeal om te fieren mei kollega’s, ús netwurk en ús freonen.

De skiednis fan de Fryske Akademy is in ferhaal fan belutsenens en nijsgjirrigens, fan trochsettingsfermogen en fearkrêft, mar ek fan ynstitúsjonele hege bergen en djippe dellings. En dochs: wat nettsjinsteande alle feroarings al 85 jier de Fryske Akademy makket, binne de minsken mei in (profesjonele) passy foar de Fryske kasus, en it grutte maatskiplik draachflak foar ús wurk.

Hjirûnder fine jo in koart oersjoch fan 85 jier Fryske Akademy. Mei de klam op koart. Want der is safolle mear te fertellen en sjen te litten. Dêrom kinne jo ûnderoan de pagina in lêslist fine, mei ferwizingen nei publikaasjes, artikelen, boeken, filmkes en mear.

1914

"Wy moatte mannen fen wittenskip hawwe, dy’t oan de Fryske tael- en histoarjestúdzje hjar libben wije – wy moatte in Academy fen Fryske Wittenskip to Ljouwert hawwe". Yn 1914 neamt Ds. Sipke Huismans fan it Kristlik Frysk Selskip de oprjochting fan in ‘Fryske Akademy fan Wittenskippen’ wichtich foar de Fryske striid.

 

1917-1919

Ds. Geart Aeilco Wumkes bepleitet yn 1917 dat ienris it Fries Genootschap útgroeie soe ta in ‘Fryske Acadeemje fen Wittenskip en Kinst’, nei analogy fan de grutte Koninklijke Academie van Wetenschappen. Yn 1918 en 1919 hat er hjiroer kontakt mei it Provinsjaal Bestjoer.

 

1932

Op in gearkomste fan de Provinsiale Underwysrie bringt prof. Titus Brandsma, bestjoerslid fan it Rooms Frysk Bûn en heechlearaar yn Nijmegen, it plan foar in ‘Fryske Akadeemje fen Wittenskippen’ opnij te praat.

 

1938

Brandsma set it plan foar in Akademy wer op ’e wurklist fan de Provinsiale Underwysrie. Ds. Wumkes bepraat it dêrnei mei de Kommissaris fan ’e Keningin Harinxma thoe Slooten, dy't syn stipe taseit. De iepeningsgearkomste fan ’e Fryske Akademy is op 10 septimber 1938. It earste bestjoer wurdt foarme troch de hearen P. Sipma (foarsitter), J.H. Brouwer (skriuwer), prof.dr. J.F. Koksma (skathâlder), prof.dr. G. Gosses, prof.dr. J.M.N. Kapteyn, prof.dr. G.S. Overdiep en dr. G.A. Wumkes. Earefoarsitter is mr. P.A.V. Baron van Harinxma thoe Slooten, eareleden binne N. Ottema, prof.dr. Sir William Craigie (Oxford) en prof.dr. Theodor Siebs (Breslau).

De Fryske Akademy fynt ûnderdak yn it Coulonhûs, dat boud is yn 1713. In ‘buitengewoon gaaf monumentje", aldus notaris Nanne Ottema. Om it wittenskiplik karakter klam te jaan, wurdt op útstel fan Brandsma, keazen om it segel fan de Frjentsjerter Bibleteek as logo te brûken.

 

1941-1951

Wurkferbannen foar boargerwittenskip wurde ynsteld: op it mêd fan de lânboukunde (1941), boukeunst (1942), musikology (1942), genealogy (1946), lânskipsgeneze (1949), taalkunde (1949), pedagogyk (1949), skiednis (1950), nammekunde (1951) en literatuer (1951). Troch de jierren hinne hâlde guon wurkferbannen op, en komme der ek nije wurkferbannen – en groepen by.

 

1944

Utjefte fan it Lyts Frysk Wirdboek, it earste resultaat fan it leksikografyske wurk fan de Fryske Akademy.

 

1952

Utjefte Frysk Wurdboek twadde diel Nederlânsk - Frysk (1952) en Frysk Wurdboek foarste diel Frysk - Nederlânsk (1956).

 

1957

De earste útwreiding fan de Fryske Akademy: it Coulonhûs krijt in oanbou op 'e hoeke Doelestrjitte-Grienewei. Mei in grutte provinsjale ynsamlingsaksje hellet de Fryske Akademy likernôch 100.000 gûne op. Mear as tweintich (gemeente-)wapens wurde ynmitsele op ‘e hoeke fan de nijbou. De grutte brûnzen swan mei it segel is in kado fan ‘Den Haach’.

 

1958

Publikaasje fan Encyclopedie van Friesland, dêr’t de haadredaksje (Jelle Brouwer) fan op it Coulonhûs siet, en mei ds. J.J. Kalma as buroredakteur.

Yn 1958 wurdt de Fryske Akademy offisjeel eigner fan it Coulonhûs, in skinking fan de Ottema-Kingma Stifting.

 

1960

Nei 1960 folget in útwreiding fan it personiel en fan de gebouwen, in ferbreding fan it wurkterrein en in taname fan aktiviteiten.

1962

It Wâlde-ûndersyk wurdt bekroand mei de Visser-Neerlandiapriis. Mei-inoar ferskynden yn de fyftiger en sechstiger jierren 51 boeken, boekjes en spesjale Beakennûmers oer it streekûndersyk yn de Wâlden.

 

1964

Splitsing fan de taalkundige ôfdieling: it wurdboek wurdt in aparte ôfdieling en literatuerskiednis, folkskunde en de maatskiplike problematyk fan taal en taalgebrûk wurde ûnderskieden dissiplines.

 

1968

Publikaasje fan de earste provinsjale skiednis yn Nederlân, Geschiedenis van Friesland.

 

1973

De gebouwen op Doelestrjitte 6 en Grienewei 6 wurde ek by de Fryske Akademy lutsen. Letter komme ek Doelstrjitte 2-4 (de eardere levertraanfabryk fan Draisma van Valkenburg) en Grienewei 8 derby (resp. 1975 en 1983).

 

1981

De wittenskiplike formaasje fan de Fryske Akademy bestiet út 16,5 plakken (beset troch 19 minsken); yn 1987 is dit oprûn ta 29,5 (35 minsken). Aparte fakgroepen foar skiednis en sosjale wittenskippen wurde foarme.

 

1984

It earste eksimplaar fan it earste diel fan it Wurdboek fan de Fryske taal/ Woordenboek der Friese taal wurdt op 9 novimber 1984 oanbean oan de keninginne.

De Fryske Akademy krijt it tafersjoch op de bysûndere learstuollen yn de frisistyk. Letter wurdt de Fryske Akademy ek nau behelle by de doktoraaloplieding Frysk oan de Universiteit van Amsterdam.

 

1987

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen begjint yn 1987 as Mercator Education, en wurdt ûnderdiel fan de Fryske Akademy. Mercator Education (letter: Mercator Research Centre) is ien fan de trije ynstituten fan it Mercator Network, in inisjatyf fan de Europeeske Kommisje en it direkte resultaat fan twa moasjes fan it Europeeske Parlemint: de ‘moasje Kuijpers’ (moasje oer talen en kultueren fan regionale en etnyske minderheden yn de Europeeske Mienskip) en de 'moasje Arfé'.

 

1990

Sûnt 1990 is de Fryske Akademy ferbûn mei de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) troch in liearringsoerienkomst. Dat betsjut dat de Akademy foar in part finansiere wurdt troch it Ryk en om de seis jier beoardield wurdt op syn wurk troch in ûnôfhinklike fisitaasjekommisje.

 

1993

It byld ‘Muontsepij oan sinnestriel’ fan Jan Kuipers krijt in plak yn de binnentún, makke yn it ramt fan it 50-jierrich jubileum. Ynspirearre troch it ferhaal dat muontsen de krêft koene om klean op te hingjen oan in sinnestriel, ferbyldet dit keunstwurk de krêft fan de wittenskip.

 

1995

By it ferbouwen fan de Westertsjerke (Theater Romein) yn 1990 wurdt de grêfstien fan Anthonius Coulon weromfûn. Nei restauraasje krijt de stien yn 1995 in plak op de eastlike muorre yn de tún fan de Fryske Akademy.

 

1998-1999

Oankeap fan de Noardertsjerke yn ‘e tún fan de Fryske Akademy; ferbouwing ta sealesintrum It Aljemint.

2003

Fan 2003 ôf hat de Fryske Akademy twa bysûnder heechlearaarskippen oan de Leidske Universiteit: in bysûnder heechlearaarskip foar de Fryske taal- en letterkunde, yn it bysûnder foar it Aldfrysk (oant 2017) en in bysûnder heechlearaarskip foar de midsiuwske skiednis fan ’e Fryske lannen (oant 2021).

 

2005

Start fan HisGis.nl, it Histoarysk Geografysk Ynformaasjesysteem, dat fuortkomt út it sûnt 1988 rinnende projekt Kadastrale en Prekadastrale Atlas fan Fryslân fan de Fryske Akademy.

 

2010-2016

Ferbouwing, restauraasje en fernijing. In nije haadyngong wurdt realisearre en It Aljemint wurdt kantoarromte. It ryk stilearre ynterieur is yn de oarspronklike steat werombrocht. Yn septimber 2016 wurdt de fernijde Fryske Akademy iepene troch prinsesse Laurentien.

 

2011

It 25ste en lêste diel fan it Wurdboek fan de Fryske Taal/ Woordenboek der Friese Taal wurdt publisearre.

 

2012

De Fryske Akademy slút in konvenant mei de Universiteit fan Amsterdam (UvA) om dêr binnen de learstuol Germaanske talen it Frysk in plak te jaan. De bysûndere learstuol Fryske taalkunde bliuwt bestean en krijt in plak binnen de learstoel Germaanske taalkunde, beset troch prof. dr. Arjen Versloot.

 

2015

De website Taalweb Frysk wurdt lansearre, de foarrinner fan it hjoeddeistige Frysker.nl.

 

2017

Tusken 2017 en 2022 is prof. dr. Hanno Brand, út namme fan de Fryske Akademy, beneamd ta bysûnder heechlearaar oan de Ryksuniversiteit fan Grins, Fryslân yn de hannelsnetwurken fan pre-yndustrieel Europa (1000-1800).

 

2018

It pân Doelestrjitte 2-4 wurdt ferkocht. Mei de opbringst út ’e ferkeap hat de Fryske Akademy in part fan syn ynbring yn ’e finansiering fan it grutte ferbouprojekt dutsen.

 

2019

Fan 2019 ôf is prof. dr. Hans Van de Velde ferbûn oan de Universiteit Utrecht en beset dêr de learstoel Sosjolinguistyk mei oandacht foar de taalsituaasje yn Fryslân.

 

2023-2024

De Fryske Akademy bestiet 85 jier! Mei in nije ûnderysksaginda (2023-2027) en in grut ferskaat oan (ynternasjonale) ûndersyksprojekten is dit lytse ynstitút, mei in grutte ambysje en in noch grutter netwurk, klear foar de takomst!

Ferwizingen

 

En sykje ek nochris op ‘Fryske Akademy’: