Skip to main content

Wurkgroep Akademylêzingen

De Akademylêzingen is in rige fan seis publykslêzingen dy't gearstald wurdt yn oparbeidzjen mei frouljusorganisaasjes. De lêzingen fine ferspraat oer it winterskoft plak yn Ljouwert en op 'e Jouwer.

Nei de side

 

Archeologysk Wurkferbân

It Archeologysk Wurkferbân wol amateurarcheologen yn Fryslân byinoar bringe. Mei in ferskaat oan aktiviteiten wurdt besocht om it âldheidkundich ûndersyk yn 'e provinsje te stypjen.

Nei de side

 

Biologysk Wurkferbân

It Biologysk Wurkferbân hat as taak om wittenskiplike kennis oer gea en natuer yn Fryslân breed beskikber te meitsjen, diskusje oer natuersaken oan te gean en om publikaasjes op dit mêd fuort te sterkjen.

Nei de side

 

Fryske Rie foar Heraldyk

De Fryske Rie foar Heraldyk (sûnt 1956) is it âldste provinsjaal heraldysk kolleezje yn Nederlân. De Rie bestiet út leden dy't op grûn fan harren saakkundigens ta lid fan de Rie beneamd binne.

Nei de side

 

Genealogysk Wurkferbân

Op it mêd fan de stúdzje nei famyljeskiednis yn Fryslân is it Genealogysk Wurkferbân warber. It organisearret gearkomsten en ekskurzjes en fersoarget it Genealogysk Jierboek.

Nei de side

 

Lânboukundich Wurkferbân

It Lânboukundich Wurkferbân organisearret geregeldwei gearkomsten yn it Frysk Lânboumuseum (yn Goutum) en ekskurzjes oer agronomyske saken fan no en fan eartiids.

Nei de side

 

Letterkundige aktiviteiten

It Letterkundich Netwurk (besteande út it eardere Literêr-Histoarysk Wurkferbân) en de Redaksje Literêre Rigen bestudearje de literatuer en literatuerskiednis fan Fryslân.

Nei de side

 

Wurkgroep Maritime Skiednis

Dizze wurkgroep is oprjochte yn 2009 mei as doel it befoarderjen fan de stúdzje nei de maritieme skiednis fan Fryslân, ûnder oaren troch it organisearjen fan in jierlikse sympoasiumdei.

Nei de side 

 

Musikologyske Wurkgroep

De Musikologyske Wurkgroep wie fan 1942 oant 2019 in groep fan spesjalisten dy't yn opdracht fan de Fryske Akademy wurket oan in stikmannich publikaasjes op muzykmêd.

 

Taalkundich Wurkferbân

It Taalkundich Wurkferbân wol lju mei niget oan de taalkundige bestudearring fan it Frysk gearbringe troch it organisearjen fan in Dei fan de Fryske Taalkunde.

Nei de side

 

Wat binne wurkgroepen en stúdzjerûnten?

Us wurkgroepen en stúdzjerûnten biede elk de mooglikheid om yn breder ferbân stúdzje te meitsjen fan in ferskaat oan wittenskiplike ûnderwerpen. Geregeldwei wurde gearkomsten en aktiviteiten organisearre dêr't profesjonele ûndersikers en sneupers elkoar moetsje en oparbeidzje kinne.

Yn 'e ôfrûne desennia hawwe der op tal fan mêden wurkferbannen en wurkgroepen west: geakunde, toponymy, pedagogy, lânskipsgenetika, keunstskiednis, folkskunde, ensfh. Dêr wiene ek ferneamde figueren lykas G.A. Wumkes, Obe Postma, S.J. van der Molen en Reinder S. Roarda anneks mei. Yn 'e rin fan 'e tiid binne der in soad fan sokke rûnten ferdwûn en bykommen. It alderearste wurkferbân, it Lânboukundich Wurkferbân, waard oprjochte yn 1941 en bestiet noch hieltyd. De grutste rûnte kwa ledetal is op it stuit it Genealogysk Wurkferbân, wylst de Akademylêzingen ta de drokst besochte aktiviteiten hearre.

Hoewol't harren funksje en betsjutting foar it wurk fan 'e Akademy troch de jierren hinne bot feroare binne, bewize dizze rûnten hjoed-de-dei noch hieltyd harren wearde as platfoarm foar boargerwittenskip en as moetingsplak tusken wittenskip en maatskippij.

 

Hoe kinne jo meidwaan?

Wa't belangstelling hat en/of aktyf ûndersyk docht op in beskaat mêd, kin lid wurde fan ien of meardere stúdzjerûnten. De iennichste betingst is dat jo tagelyk ek stiper fan 'e Fryske Akademy wurde, of ta Akademylid beneamd binne. Kontaktgegevens fan 'e skriuwers binne te finen op 'e yndividuele siden fan ús rûnten hjirboppe.

Wolle jo sels in stúdzjerûnte oprjochtsje mei stipe fan 'e Akademy? Dat kin at it ûnderwerp op it mêd fan ús doelstellingen leit. Nim kontakt op mei koördinator frou Adrie Kaspers (mail) foar de mooglikheden.