Fakatueres
Wurkje by de Fryske Akademy
Wurkje by de Fryske Akademy betsjut wurkje yn in bysûndere, histoaryske omjouwing yn 'e mande mei ynspirearjende kollega's en partnerorganisaasjes.
Op dit stuit binne wy yn gearwurking mei de Universiteit van Amsterdam (UvA) op syk nei:
ien promovendus
Foltiidske promovendus-oanstelling (38 oeren wyks) foar 4 jier.
Reagearje kin oant 21 oktober 2024.
Binnen de Fryske Akademy moat elkenien him thús fiele kinne en gelikense kânsen krije om him te ûntwikkeljen. Wy meitsje gjin ûnderskied op grûn fan geslacht, godstsjinst, aard, kulturele eftergrûn, nasjonaliteit, neurotype of lichaamlike beheining. Wy stribje nei in wurkomjouwing dêr’t wy gebrûk yn meitsje fan ús ferskillen om kreativiteit, ynnovaasje en talintûntwikkeling maksimaal te stimulearjen.