Skip to main content

Digitale taalhelpmiddels

 

Elkenien dy’t niget hat oan de Fryske taal wolle wy graach skewiele mei in ferskaat oan taaltsjinsten. Ien fan ús gruttere projekten is Frysker.nl, sûnt 2021 in belangryk digitaal helpmiddel by it skriuwen fan it Frysk en de opfolger fan taalweb.frl. Mei in team fan leksikografen hat de Fryske Akademy ek wurke oan de foarkarswurdlist en de offisjele staveringsregels (fan krêft sûnt 2015) en ek dy binne yntegrearre yn Frysker.nl. Foar wittenskippers en programmeurs binne de websites Taalportaal en Frisian.eu ûntwikkele.

 


Flaterfrij skriuwe mei Frysker.nl

De website Frysker.nl jout in ferskaat oan digitale taalhelpmiddels foar elkenien dy’t flaterfrij Frysk skriuwe wol. Frysker is ûntwikkele troch de Fryske Akademy (taaldata, language API), yn oparbeidzjen mei BWH Ontwerpers (ûntwerp en technyk), GridLine (staveringshifker), KNAW Humanities Cluster/ Maarten van Gompel (Oersetter) en Afûk. De Provinsje Fryslân hat de Fryske Akademy finansjele stipe jûn foar it meitsjen fan Frysker.

Frysker.nl bestiet út trije ûnderdielen:

  • Sykje. Hjirby wurdt socht yn it Nederlânsk-Frysk wurdboek of yn it Frysk Hânwurdboek. Neist oersettingen fan trefwurden, jout 'Sykje' ek foarbylden, siswizen, synonimen, wurdfoarmen en sprekwurden.
  • Hifkje. In online staveringshifker foar it kontrolearjen fan jo teksten. De hifker spoart typ- en staveringsflaters op, jout help om de meast algemiene wurdfoarmen te kiezen en wiist op it brûken fan hollanismen.
  • Oersette. Dit programma set Nederlânske teksten oer nei it Frysk of oarsom.

Fierder fine jo op Frysker.nl:

  • Paadwizer mei de staveringsregels foar it Frysk
  • Downloads (bgl. de digitale ferzje fan it Frysk Hânwurdboek, staveringshifkers foar Word en Outlook en add-ons foar Mozilla en OpenOffice).

Foar mear ynformaasje oer Frysker.nl kinne jo kontakt opnimme mei it projektteam fia frysker@fryske-akademy.nl.

 


Foarkarswurdlist en offisjele stavering

Foarkarswurdlist

Is it no Italië of Itaalje, telefoan of tillefoan? De Foarkarswurdlist foar it Frysk dy’t de Akademy opsteld hat, jout dúdlikheid oer de foarkarsfoarmen yn 'e Fryske stavering. De Foarkarswurdlist is gjin ferplichte taalstandert, mar kin as hâldfêst brûkt wurde foar heldere foarkarsfoarmen by it skriuwen fan it Frysk, bygelyks yn it offisjele ferkear en yn it ûnderwiis. De wurden út de Foarkarswurdlist foar it Frysk binne yntegrearre yn de sykfunksje fan Frysker.nl.
 

Offisjele stavering

It Frysk hat sûnt 1879 min ofte mear offisjele staveringsregels, mar dy binne sûnt dy tiid in kear of wat wizige. Dêrtroch kamen yn 'e rin fan 'e tiid de regels en de praktyk net mear folslein oerien. De Fryske Akademy hat foar it meitsjen fan de Foarkarswurdlist de jildende regeling fan 'e Fryske stavering yn syn hiele hear en fear op 'e nij beskreaun. Dat hat deryn resultearre dat de staveringsregels en de wize sa't wurden yn 'e praktyk stavere wurde tenei wer oerienkomme. De regels oangeande de offisjele stavering fan it Frysk binne sûnt 30 jannewaris 2015 fan krêft en kinne fûn wurde yn 'e Paadwizer Fryske stavering op Frysker.nl. Troch in lyts tal regeloanpassingen yn 'e Fryske stavering kriget lykwols in beheind tal wurden in oare skriuwwize (bgl. telefyzje yn stee fan televyzje en útnûging yn stee fan útnoeging).

Yn 2020 publisearre de Fryske Akademy in Koroanawurdlist, in oanfolling mei frekwinte wurden dy't te meitsjen hawwe mei de koroanaútbraak.

 


Taalportaal & Frisian.eu

Taalportaal.org

Taalportaal is in Ingelsktalich digitaal neislachwurk dêr't alle grammatikale kennis fan it Nederlânsk, Frysk en Afrikaansk byinoar brocht is troch ûndersikers út Fryslân, Nederlân en Súd-Afrika. Taalportaal is in grut projekt dat stribbet nei in mearomfiemjende en gesachhawwende wittenskiplike grammatika, oarspronklik allinnich foar it Nederlânsk en it Frysk. Sûnt 2015 is ek Afrikaansk taheakke oan it projekt. Taalportaal is in ynteraktive kennisbank oer dy trije talen, dy’t syntaksis, morfology en fonology omfettet. It projekt is in gearwurking fan it Meertens InstituutLeiden University, it Instituut voor Nederlandse Lexicologie, de Fryske Akademy, en it Virtuele Instituut Vir Afrikaans. It Nederlânsk/ Fryske diel wurdt finansierd troch NWO, de Nederlandse Organisatie voor Wetenschappelijk Onderzoek; it Afrikaanske diel wurdt finansierd troch de Suid-Afrikaans Akademie vir Wetenskap en KunsAfrikaanse Taal- en KultuurverenigingNoordwes-Universiteit and Dagbreek Trust.
 

Frisian.eu

Frisian.eu is in webside foar ûndersikers en programmeurs. It befettet in grut ferskaat oan (âld)Fryske taalboarnen, lykas wurdboeken, data, tools en tsjinsten. Datasets, datamodellen en api's kinne delhelle wurde, Json services binne frij beskikber. De ûnderlizzende data wurdt hieltyd ûnderhâlden.

 


Oare taaltsjinsten

Wurdboeken

  • Tusken 1984 en 2011 binne de 25 dielen fan it wittenskiplike Woordenboek der Friese Taal/Wurdboek fan de Fryske taal (WFT) ferskynd. It WFT beskriuwt it Frysk fan it tiidrek 1800-1975. Yn it neislachwurk wurdt foar elk wurd gâns ynformaasje jûn: de útspraak, de bûging, de farianten, de oerienkommende wurden yn oare talen, de betsjutting, siswizen, sprekwurden. Sûnt 2010 is it wurdboek ek online te finen yn 'e Geïntegreerde TaalBank fan it INL.
  • It Frysk-Ingelsk Wurdboek (2000) fan Anne Dykstra is beskikber as pdf-bestân.
  • Foar in tal fan Fryske streektalen binne dialektwurdboeken gearstald, ûnder oaren fan it Skiermûntseagersk, it Biltsk, it Hylpersk en it Amelânsk.
     

Spesjalistysk taaladvys

  • Wy kinne taalkundich advys jaan by it opstellen fan spesjalistyske teksten yn it Frysk mei faktermen lykas notarisakten, amtlike stikken of technyske dokuminten. Foar it oersetten wurdt in fergoeding yn rekken brocht. Nim dêrfoar kontakt op fia ús algemien nûmer (058) 213 14 14 of mail nei fa@fryske-akademy.nl.
  • Foar de rjochtspraktyk leverje wy Frysktalige modellen fan akten, karbrieven, kontrakten, houliksbetingsten en testaminten. Alle modellen binne fergees te downloaden op ’e side Frysktalige modellen foar de rjochtspraktyk.
     

Ferwizingen

  • It Frysk is as oersettaal sûnt febrewaris 2016 beskikber yn Google Translate troch it mânsk krewearjen fan frijwilligers en de stipe fan 'e Provinsje Fryslân.
  • De aktuele list mei plaknammen en wetternammen yn Fryslân kin fûn wurde fia de website van de Provinsje Fryslân.
  • Neist taalkursussen kinne jo ek foar taalfragen by ús kollega’s fan ’e Afûk telâne. It jaan fan taaladvys, it neisjen fan koarte teksten of it oersetten fan in pear wurdsjes docht de Afûk fergees. Afûk hat ek in oersjoch makke fan digitale taalhelpmiddels, apps en games foar it Frysk op de website www.taalhelp.frl.