Skip to main content

Bestjoer en organisaasje

 

De stifting Fryske Akademy is op 10 septimber 1938 oprjochte yn Ljouwert. Neffens syn karbrief hat de Akademy as doel "it yn-stân-hâlden fan in wurkmienskip, dy't him útleit op it beoefenjen fan de wittenskip dy't mei Fryslân, it Fryske folk en syn kultuer yn al syn uterings, en soks yn de wiidste omfieming, ferbûn is".

De Fryske Akademy is in selsstannige stifting, fêstige yn Ljouwert. De stifting wurdt bestjoerd troch in Direkteur-Bestjoerder mei ûndersykstaak, dy’t de einferantwurdlikens draacht. In Ried fan Tafersjoch mei bestjoerlike likegoed as wittenskiplike leden, hâldt tafersjoch op it belied fan de direkteur. Sûnt 1990 is de FA liearre oan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW).

Konfoarm de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) wurdt it ynstitút finansierd troch it Ryk (OC&W) en de provinsje Fryslân. De subsydzje fan de projektaktiviteiten fan Mercator, oant 2006 ta finansierd troch de Europeeske Kommisje, is fan 2007 ôf oernommen troch de provinsje Fryslân. De projekten en projektmeiwurkers dy’t Mercator oanlûkt, binne yn tsjinst fan de Fryske Akademy, mar keppele oan de spesifike Mercator-projektsubsydzjes.

Hjirûnder binne as pdf-dokumint te downloaden:

 


Dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm FSA

Direkteur-bestjoerder

De deistige lieding oer de stifting Fryske Akademy is yn hannen fan de direkteur-bestjoerder. De direkteur-bestjoerder (DB) is einferantwurdlik foar alle wurksumheden en besluten dy’t mei de Akademy gearhingje. De DB leit ferantwurding ôf oan 'e Ried fan Tafersjoch neffens it karbrief en it húshâldlik reglemint.

 


Managementteam

De direkteur-bestjoerder wurdt advisearre troch in managementteam (MT). De fertsjintwurdiging is sûnt 1 jannewaris 2021 as neikommend fêstlein:

  • Joop Petter, Haad Finansjele Administraasje
  • Marit Bijlsma, Koördinator Undersyksfinansiering en Strategyske Gearwurking

 

 

Ried fan Tafersjoch

Op grûn fan it karbrief hat de Fryske Akademy in Ried fan Tafersjoch. De Ried sjocht ta op it troch de direkteur-bestjoerder fierde belied en behear. De Ried fan Tafersjoch bestiet út:

  • Drs. Seerp Y. Leistra (Foarsitter) 
  • Wim Kleinhuis
  • Prof. dr. Anthonya Visser
  • Prof. dr. Jan Don
  • Drs. Rixt N. Heegsma

 

  

Undernimmingsried

De Fryske Akademy hat in Undernimmingsried (UR) dêr’t fiif meiwurkers fan ’e Akademy sitting yn hawwe. It foech fan ’e UR, dat ûnder oaren it advysrjocht, it ynstimmingsrjocht en it ynisjatyfrjocht oanbelanget, is regele yn ’e Wet op de Ondernemingsraden (WOR). Neffens de WOR wurket de ûndernimmingsried yn it belang fan it goed funksjonearjen fan ’e ûndernimming. Sûnt 1 febrewaris 2024 is de gearstalling fan 'e UR:

  • Eduard Drenth (foarsitter)
  • Nika Stefan (skriuwer/fise-foarsitter)
  • Anne Mulder
  • Han Nijdam
  • Willem Visser

E-mail: ur@fryske-akademy.nl