Besite Kening Willem-Alexander (2024)
Kening Willem-Alexander hat op 16 oktober 2024 in wurkbesite brocht oan de Fryske Akademy.
Yn de oanwêzigens fan Kommissaris fan de Kening Arno Brok en deputearre Eke Folkerts gie de kening yn petear mei direkteur-bestjoerder dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm en fiif leden fan ús wittenskiplike stêf. Dr. Anne Merkuur (taalkundige), dr. Han Nijdam (histoarikus), dr. Jelske Dykstra (projektmanager Mercator), drs. Hindrik Sijens (leksikograaf) en promovendus Martijn Kingma fertelden de kening oer harren ûndersyk op it mêd fan de Frisistyk.
Fotograaf Marieke Balk makke dizze fotoreportaazje, foar en efter de skermen.