Skip to main content

Akademydei 2023

Us 85ste dies natalis wurdt in feestlik barren. Wy moetsje jo graach!

Datum en tiid: freed 8 septimber 2023 | 14.00-16:30 oere
Plak: Westcord WTC Hotel, Heliconwei 52 (8914 AT), Ljouwert
Utnûging en programma: Klik hjir foar it programma

Opjefte: It bywenjen fan de Akademydei is fergees. Opjaan is lykwols wol needsaaklik.
OPJAAN KIN HJIR oant en mei freed 1 septimber 2023 (gratis ticket fia VanPlan). 

Hawwe jo in fraach oer de fergese tickets?
Dan kinne jo terjochte by de Klanteservice fan VanPlan. Nim kontakt op (foarkar) mei de online klanteservice fan Van Plan.
E-mail: klantenservice@ticketpoint.nl 
Telefoanyske klanteservice: 0900 - 401 1000

 

Programma Akademydei 2023

13.30 oere
Ynrin, ûntfangst mei kofje/tee
14.00 oere
Iepenjen en wolkom troch Marit Bijlsma
Taspraak troch dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder Fryske Akademy
Muzyk – Fryske sjonger & lietskriuwer Marcel Smit
14.30 oere
Lêzing dr. Han Nijdam ‘Freeska Landriucht (sirka 1485): in wichtige Aldfryske boarne én it âldste printe boek yn it Frysk’
15.00 oere
Skoft mei kofje/tee
15.30 oere
Presintaasje fan de Undersyksaginda Fryske Akademy troch dr. Jelske Dijkstra en dr. Simon Halink
Muzyk – 2de part optreden Marcel Smit
Beneamen nije leden
16.30 oere
Ofsluting en neipetear mei in hapke en drankje

Oanmelde foar Akademydei 2023 kin hjir.

 

­


Akademydei 2022

Datum en tiid: freed 16 septimber 2022 | 14.00-16.30 oere
Plak: Westcord WTC Hotel, Heliconwei 52, Ljouwert
Utnûging en programma: klik hjir foar it programma (pdf).
Frisian Humanities: Mear oer dit kongres fine jo op https://frisianhumanities.frl/.

Op ús 84ste dies natalis hâldt ús direkteur-bestjoerder in taspraak en wiene der lêzings fan prof. dr. Arjen Versloot,  drs. Mark Raat en dr. Alex Kerkhof. As nije leden waarden beneamd: Martsje Miedema-Loonstra, drs. Lida Dykstra, Sake Pieter Roodbergen en Immie Jonkman. De skripsjepriis waard wûn troch Martijn Kingma, in earfolle fermelding wie der foar Aafke Bonnet-Bekkema. In de dagen foarôfgeand oan de Akademydei, waard it kongres Frisian Humanities organisearre.

 


Akademydei 2021

  • Datum en tiid: freed 10 septimber 2021 | 13.30-17.30 oere
    Plak: Westcord WTC Hotel, Heliconwei 52, Ljouwert

Op ús 83ste dies natalis hâldt ús direkteur-bestjoerder in taspraak, wie der in lêzing fan rev. dr. Simon Coupland fan de Universiteit fan Cambridge oer it spoar fan de Skandinaviërs yn Fryslân, wiene der koarte projektpresintaasjes fan Akademymeiwurkers oer ferskate aspekten fan meartaligens; meartalige geletterdheid; it Nederlânsk-Frysk wurdboek en de driuw nei it noarden yn de 19de iuw. Fierder wie der in boekoanbieding fan proaza en poëzy fan Jouwert Jouwertsma. As nije leden waarden Sytske de Boer, Siebren Dyk, Stéphane Lebeck en Steven Sterk beneamd.

 


Akademydei 2020

De Akademydei fan 2020 is net trochgien fanwege de koroanasitewaasje.

 


Akademydei 2019

  • Datum en tiid: freed 13 septimber 2019 | 13.30-17.00 oere
    Plak: Oranje Hotel Leeuwarden, Stasjonswei 4, Ljouwert

Op ús 81ste dies natalis wiene der lêzingen fan Han Nijdam, Jan Hallebeek en Hylkje de Jong oer de rjochtsskiednis fan iermodern Fryslân en fan Anne Merkuur oer it feroarjende Frysk. It programma waard ôfwiksele mei optredens fan Wiebe Kaspers en Arjan Hut. As nije leden waarden Freark Smink, Klaasje Postma en Hindrik ten Hoeve beneamd.

 


Akademydei 2018

  • Datum en tiid: freed 14 septimber 2018 | 13.30-17.00 oere
    Plak: Oranje Hotel Leeuwarden, Stasjonswei 4, Ljouwert

Op ús 80ste dies natalis joech ynterim-direkteur in taspraak oer de stân fan saken op de Fryske Akademy, wie der in presintaasje fan Marjoleine Sloos oer 'Het Boarnsterhim Corpus: synchronie en diachronie in taal' en in presintaasje fan Jelske Dijkstra oer taalferoaring yn it Frysk. Grytz & Grize joegen in moaie muzikale foarstelling en de skripsjepriis waard útrikt. Ta lid fan de Fryske Akademy waarden beneamd: Sjoerd Bootsma, Sytse Buwalda, Douwe Draaisma en Joop Koopmans.

 


Akademydei 2017

  • Datum en tiid: freed 15 septimber 2017 | 13.30-17.00 oere
    Plak: Tsjerke De Fontein, Goudenregenstrjitte 77, Ljouwert

Op ús 79ste dies natalis joech Gilles de Langen in lêzing oer 'Terpen, kerken en boerderijen. Interdisciplinair onderzoek naar de nederzettingsontwikkeling in volmiddeleeuws Frisia' en Hans Mol oer 'HisGIS Fryslân: de útwreiding mei it projekt Persoanen en perselen 1750-1900 yn it ramt fan it Deltaplan ErfguodDigitalisearring fan de provinsje. Stân fan saken en perspektiven'. Broer de Witte joech in optreden fan muzyk fan Popma van Oevering. En as fan âlds binne ek dit jier guon minsken fanwegen bysûndere fertsjinsten ta lid fan 'e Fryske Akademy beneamd: Foppe de Haan, Rienk Wegener Sleeswijk en Cisca Wijmenga.