HisGIS: Histoarysk Geografysk Ynformaasjesysteem
It doel fan it HisGIS projekt is it kreëarjen fan in ynfrastruktuer foar it analysearjen en presintearjen fan histoaryske geodata foar Nederlân, basearre op de lytste geografyske ienheid: it perseel. De basis leit yn it Kadaster út 1832, dat hiel Nederlân bestrykt. It ûntwerp fan HisGIS komt fuort út in projekt dat yn 1988 opset waard troch Hans Mol en Paul Noomen (ûndersikers Fryske Akademy): de Kadastrale en Pre-kadastrale Atlas van Friesland. Dit wie in analoge publikaasje, publisearre yn 17 dielen tusken 1988 en 2003. Yn 1998 waard úteinset mei it digitalisearjen fan de Fryske dielen fan it Kadaster út 1832, in projekt dat yn 2005 ôfrûne waard. Yn it ferlingde hjirfan waarden tal fan nije kaarten en ynformaasjelagen tafoege. De metodology en it ûntwerp fan it digitale Fryske HisGIS wie foarútstribjend en basearre op de technyske mooglikheden fan dat momint. By it Deltaplanprojekt (2016 -2019), dat ta doel hie ynsicht te krijen yn de feroaring fan it Kadaster fan 1887, waard in begjin makke om as earste de kaart fan 1832 opnij te georeferearjen. Dy soe dêrnei as basis tsjinje foar it Kadaster fan 1887. It hiele proses fan ferbetteringen hat der úteinlik ta laat dat de kaart begjin 2020 klear wie.
HisGIS Nederlân (2011 -2022)
Nei't de provinsje Fryslân suksesfol digitalisearre wie, waarden de oare Nederlânske provinsjes benadere troch it HisGIS projektteam fan de Fryske Akademy. Elk ôfsûnderlik projekt frege om gearwurking mei spesifike provinsjale organisaasjes en finansiering. De provinsje Grinslân waard yn 2010 as earste yn it HisGIS systeem set, wêrnei't de oare provinsjes folgen: Utrecht (2011), Oerisel (2012), Noard-Hollân (2013), Drinte (2016), Noard-Brabân (2017), Gelderlân (2018), Limboarch (2019), Seelân (2020), Súd-Hollân (2020).
HisGIS en HuC KNAW (2022 -2023)
Fanwege de groeiende belangstelling foar Spatial Humanities waard it sukses en belang fan HisGIS opmurken troch de KNAW, dy't in gearwurking mei de Fryske Akademy foarstelde om de HisGIS Nederlân ynfrastruktuer te húsfestjen. Omdat de Nederlânske HisGIS bûten it ûndersyksterrein fan de Fryske Akademy groeid wie, waard dit fersyk ferwolkomme.
HisGIS Fryslân: 2023 en fierder
It is de bedoeling dat de Fryske Akademy nei de oerdracht fan HisGIS oan it KNAW Humanities Cluster (HUC) fuortbouwe kin op de opboude ekspertize en ynfrastruktuer dy't út it HisGIS projekt fuortkommen is. Dêrta wurdt wurke oan it konsolidearjen en ferduorsumjen fan de geo-ekspertize fan de Fryske Akademy troch de ûntwikkeling fan in nij geo-platfoarm rjochte op ûndersyk nei de Fryske kasus: HisGIS Fryslân.
De Fryske Akademy giet fierder mei it behear en de trochûntwikkeling fan de ferrykingslagen dy‘t betrekking hawwe op de Fryske kasus, oftewol it histoarysk ûndersyk nei it histoaryske ’Fryske' kustgebiet. Dat freget om in tydlike ynvestearring sadat de Fryske Akademy him de kommende jierren rjochtsje kin op it fersterkjen fan de geo-ynfrastruktuer foar nije projektoanfragen foar ûndersyk nei de Fryske kasus.
Dizze nije fyzje foar HisGIS, dy't in ûntwikkeling foarsjocht nei in sintraal geo-platfoarm HisGIS Fryslân foar de Fryske Akademy, betsjut dat de geo-ekspertize fan de Fryske Akademy oant in ferbinend knooppunt foar ûndersyk fan de Fryske Akademy makke wurde kin. Dat beklammet de affiniteit tusken de ferskate ûndersykstema's fan de Fryske Akademy en harren relaasje mei de Spatial Humanities. Om't alle ûndersykstema's fan de Fryske Akademy in geo-komponint hawwe, is it doel om de ynfrastruktuer te sintralisearjen en tagonklik te meitsjen op ien publike portal.
Kânsen
It boargjen en útbouwen fan de geo-ekspertize fan de Fryske Akademy is yn line mei de Onderzoeksagenda, wêryn 't de Digital Humanities as stypjend fûnemint foar de ûndersykstema's sjoen wurde. De ambysje is dat elke ûndersyksgroep fan de Fryske Akademy ûndersyksdata mei in romtlike komponint opslaan kin op ús eigen geo-platfoarm, sûnder dat dêrfoar nije ICT-ynfrastruktuer boud hoecht te wurden. In nije opset fan HisGIS biedt ek kânsen foar nij ûndersyk nei it Fryske kultuerhistoaryske lânskip, natuerlânskip en taallânskip.
Romtlike ûntsluting fan lânskip (wegen, wetters, ûntginningsassen, ferkavelingsblokken) en taalkundige datasets en it yn kaart bringen fan histoaryske dokuminten en histoaryske skriuwsintra binne krêftige ûndersyksynstruminten dêr't yn takomstige ûndersyksoanfragen finansiering foar socht wurde kin. Dêrfoar kin de Fryske Akademy gearwurkje mei partners lykas Tresoar, Stichting Alde Fryske Tsjerken en Steunpunt Monumentenzorg Friesland.