ANBI-status
Stifting Fryske Akademy is by de Belestingtsjinst fan 1 jannewaris 2008 ôf ynskreaun as in algemien nut beëagjende ynstelling (ANBI). De stifting tsjinnet streekrjocht it algemien belang en hat gjin winsteachmerk. Troch dy ANBI-status kinne jo as stiper jeften fan ’e ynkomste- of fennoatskipsbelesting ôflûke (neffens de besteande wetlike regelingen).
Statutêre namme
STICHTING FRYSKE AKADEMY
Fiskaal nûmer
0028.96.436
ANBI-status
Ja
Kontaktgegevens
Besikers: Doelestrjitte 8, 8911 DX Ljouwert
Post: Postbus 54, 8900 AB Ljouwert
Telefoan (resepsje): (058) 213 14 14
E-mail (algemien): fa@fryske-akademy.nl
KvK-nûmer: 41000640 (Stifting Fryske Akademy)
IBAN-nûmer: NL30RABO0130549681 (Rabobank) / NL32INGB0000923369 (ING)
Misje
As takomstrjochte netwurkynstelling docht, dielt en fasilitearret de Fryske Akademy wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske kasus yn ynternasjonaal en multydissiplinêr perspektyf. Dan giet it om fûneminteel likegoed as tapast ûndersyk. De fokus leit dêrby op it Frysk, de meartalige mienskip, regionale skiednis yn ynternasjonaal perspektyf, minderheidstalen en -kultueren en ûntwikkeling fan digitale ynfrastruktueren – it leafst yn dwersferbân en yn komparatyf perspektyf.
In lyts ynstitút mei grutte ambysje en in noch grutter netwurk: ús Fryske Akademy is in ynspirearjend útwikselingsplak foar wittenskiplike kennis. In útsûnderlike ‘ûndersyks-oaze’ dêr’t, troch stêf en gasten, iepen wittenskip mei ympakt bedreaun wurdt. As ûndersyksynstitút, fuortkommend út de maatskippij, ha wy in foarrjochtsposysje, dy’t wy optimaal benutte. Wy dogge dat út de oertsjûging wei dat wy de mienskip it bêste tsjinje kinne troch op heech akademysk nivo ûndersyk te dwaan.
Mei multydissiplinêr ûndersyk leveret de Fryske Akademy fernijende bydragen oan it ynternasjonale wittenskiplike discours, draacht by oan it akademyske klimaat yn Ljouwert en Fryslân, en generearret ynspirearjende fûnemintele en tapasbere kennis foar en oer de mienskip. De Fryske Akademy wurket fanút sterk engaazjemint mei Fryslân en de Friezen, mei each foar maatskiplike ympakt, oan wittenskip op nivo.
Doelstelling
De doelstellings fan de Fryske Akademy foar de perioade 2022-2027 binne rjochte op profilearring, akwisysje, gearwurking en organisaasjeûntwikkeling. Se steane wiidweidich beskreun yn it Strategysk Beliedsplan 2022-2027.
- Us profilearringsdoel is dat wy ús bekendheid en werkenberheid merkber fergrutte hawwe. Wy dogge dat troch ús ûndersyk fan wittenskiplike kwaliteit en mei maatskiplike relevânsje.
- Us doel op akwisysjemêd is dat projektwerving en -útfiering en it oanlûken fan talinten kearnaktiviteiten binne dêr’t elk oan bydraacht út syn eigen rol wei. Kreativiteit, gearwurking en liederskip op alle nivo’s wurde dêrby stimulearre.
- It gearwurkingsdoel is om yntern likegoed as ekstern, ynhâldlik likegoed as op oare flakken, gearwurkjen as modus operandi te hawwen. Wy stribje dernei om de bannen mei eksterne partners oan te heljen út betrouwen yn ús eigen aginda wei, en ús wurk aktyf te dielen mei elk dy’t dêr belang by hat.
- De organisaasjeûntwikkelingsdoelstelling is om it ynstitút troch te ûntwikkeljen nei in stabile mar fleksibele netwurkorganisaasje. Yn 2027 wolle wy mjitber mear ferskaat yn ús personielsbestân ha as yn 2020. Dêrfoar is in ynspirearjende, stimulearjende en feilige wurkomjouwing fan belang, sosjale feiligens stiet dêrby yn de oandacht.
Bestjoer
De Fryske Akademy is in selsstannige stifting, fêstige yn Ljouwert. De stifting wurdt bestjoerd troch in Direkteur-Bestjoerder mei ûndersykstaak, dy’t de einferantwurdlikens draacht. In Ried fan Tafersjoch mei bestjoerlike likegoed as wittenskiplike leden, hâldt tafersjoch op it belied fan de direkteur. Sûnt 1990 is de FA liearre oan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW). Mear ynformaasje fine jo op de websitepagina Bestjoer en Organisaasje.
Beleaningsbelied
Stifting Fryske Akademy folget foar al syn meiwurkers in beleaningsbelied konform de CAO Nederlandse Universiteiten (CAO-NU). De direksjebeleaning is basearre op deselde CAO. De leden fan de Rie fan Tafersjoch ûntfange gjin fergoeding foar harren wurk. Wol kinne sy in fakaasjefergoeding krije foar eltse bywenne gearkomste en – allinne – de werklik makke ûnkosten deklarearje dy’t dêrmei gearhingje. De fakaasjefergoeding is net heger as de fergoeding de gearkomste, lykas fêststeld yn kêst 2 fan it Beslút fergoedingen advyskolleezjes en kommisje.