Tydskriften en (jier)boeken
De Fryske Akademy hat yn syn bestean mear as tûzen boeken útjûn op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij. Op termyn komme in tal fan nije en âlde útjeften op dizze side beskikber. Hjirûnder fine jo in oersjoch fan tydskriften en jierboeken en in tal fan online publikaasjes dy't fergees download wurde kinne.
Us ûndersyksoutput (lykas proefskriften, artikels en oare publikaasjes fan ús meiwurkers) binne te finen yn ús publikaasjeoersjoch.
Us Wurk
- Fan 2022 ôf sille de Stifting Freonen Frysk, Ynstitút Ryksuniversiteit Grins (FFRUG) en de Stifting Fryske Akademy gearwurkje by it útjaan fan Us Wurk. Us Wurk is it tydskrift foar frisistyk. Sa kin de Fryske Akademy trochgean mei it op wittenskiplik nivo bekend meitsjen fan syn ûndersyk en it ynsjoch bieden yn de stân fan de frisistyk.
De Vrije Fries
- De Vrije Fries is in jierboek dat ferskynt yn gearwurking mei it Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer. De earste ôflevering fan De Vrije Fries ferskynde yn 1839. De Vrije Fries hat in eigen website dêr't hast alle jiergongen as pdf-download beskikber binne.
Genealogysk Jierboek
- It Genealogysk Jierboek wurdt sûnt 1951 útjûn troch de Fryske Akademy en stiet ûnder redaksje fan leden fan it Genealogysk Wurkferbân. It jierboek befettet genealogyske bydragen, lykas kertiersteaten, parentelen en oare rekonstruksjes fan famyljerelaasjes út eardere tiden, en in oersjoch fan wapenregistraasjes troch de Fryske Rie foar Heraldyk. Alle jiergongen fan 1990 ôf binne online beskikber.
Philologia Frisica
- Philologia Frisica is in kongresbondel mei in seleksje fan lêzingen fan it Frysk Filologekongres, dat tusken 1956 en 2014 in ynternasjonaal poadium wie foar wittenskiplik debat oangeande de frisistyk. Alle kongresbondels binne ynkoarten wer online beskikber.
Literêre Rigen
- De Fryske Akademy hat sûnt har oprjochting yn 1938 mear as tûzen publikaasjes útjûn. Under oaren literêre rigen: Magnus Rige, Iduna Rige, Holder Rige en Minsken en Boeken. Sjoch foar in oersjoch dizze side, mei ferwizingen nei online beskikbere publikaasjes.
It Beaken
- It Beaken wie it wittenskiplik tydskrift fan de Fryske Akademy. It wie in meartalich poadium fan en foar wittenskippers dy’t harren útlizze op it beoefenjen fan wittenskiplik ûndersyk nei de skiednis fan Fryslân, de Fryske taal en letterkunde en aspekten fan de hjoeddeiske Fryske maatskippij. It Beaken is fan jiergong 71 (2009) ôf ynkoarten wer online beskikber.
Ein 2019 is it alderlêste nûmer fan It Beaken útjûn. It tydskrift is fusearre mei Us Wurk, it tydskrift foar frisistyk (útjûn troch de Stifting Freonen Frysk Ynstitút RU Grins).