Skip to main content

Privacyferklearring

De Fryske Akademy (FA) is fan betinken, dat de persoanlike, yntime sfear fan immens priveelibben in wichtige saak is. Yn dizze privacyferklearring is te lêzen hokker persoansynformaasje oft de FA sammelet, hoe’t dy brûkt wurdt en ta hokfoar doel.

 

De Fryske Akademy

Wat de privacy oanbelanget, hat de FA in stikmannich doelstellings formulearre. Dat binne:

 

Privacybelied

De FA is him bewust fan syn ferantwurdlikens wat it brûken fan persoansynformaasje oanbelanget. De FA wol deropta, dat elk fan wa’t persoansynformaasje brûkt wurdt, derop fertrouwe kin, dat soks op in soarchfâldige en rjochtmjittige wize bart. De FA brûkt persoansynformaasje neffens de ‘Algemene Verordening Gegevensbescherming’ (AVG) en ’e dêrút fuortkommende privacyregels.

 

Hokfoar persoansynformaasje leit de FA benammen fêst?

De FA brûkt persoansynformaasje allinne op it stuit dat soks needsaaklik is foar in spesifyk doel. Dat doel beskiedt hokfoar persoansynformaasje oft brûkt wurdt en datoangeande sil allinne it heechst needsaaklike frege wurde.

Ôfhinklik fan it doel kin de neikommende persoansynformaasje brûkt wurde: namme, adres, wenplak, e-postadres, bedriuwsynformaasje, slachte, bertemannichste, rekkennûmer en curriculum vitae.

Foar alle nijsbrieven wurdt bygelyks jo e-postadres frege op it stuit, dat jo jo abonnearje wolle. Jo e-postadres brûke wy dêrnei allinne foar dy tsjinsten dêr’t jo jo op abonnearre hawwe.

 

Op hokfoar grûnslach ferwurket de FA persoansynformaasje?

De FA brûkt jo persoansynformaasje allinne as praat wurde kin fan in rjochtmjittige grûnslach. Ôfhinklik fan it doel, wurdt persoansynformaasje brûkt, om’t:

-          jo dêr tastimming foar jouwe;

-          it needsaaklik is foar it útfieren fan ’e oerienkomst dy’t mei jo sletten is;

-          it needsaaklik is om te foldwaan oan in wetlike ferplichting;

-          it needsaaklik is om jo wêzentlike belangen te beskermjen;

-          it om in taak fan algemien belang te rêden is;

-          de FA der in rjochtfeardige belang by hat.

As de FA persoansynformaasje brûkt op grûn fan troch jo jûne tastimming, dan binne jo altiten yn ’e gelegenheid om jo tastimming wer yn te lûken. De FA sil fan dat stuit ôf gjin persoansynformaasje mear fan jo brûke.

 

Doelen

De FA brûkt jo persoansynformaasje yn it foarste plak foar it útfieren fan syn doelstellings.

De FA sammelet ta dat doel persoansynformaasje, sadat de neikommende aktiviteiten útfierd wurde kinne:

-          it wittenskipssintrum foar Fryslân te wêzen en in foarum te bieden foar it wittenskiplik debat en de útwikseling fan wittenskiplike ynformaasje, om op sa’n wize funksjonearje te kinnen as wittenskiplike ynstelling;

-          ynternasjonale wittenskiplike bannen ûnderhâlde en meidwaan oan ynternasjonale wittenskiplike organisaasjes.

Ta de ûndersteande doelen brûkt de FA ek mear of minder persoansynformaasje fan jo (ôfhinklik fan ’e aktiviteiten dy’t op jo fan tapassing binne):

-          om jo skewiele te kinnen en te ynformearjen oer spesifike ûndersyks- en/of kolleksjefraachstikken;

-          om syn funksje fan wurkjouwer útfiere te kinnen;

-          om ta de saak dwaande data te sammeljen fan (spesifyk) wittenskiplik ûndersyk;

-          om my jo te kommunisearjen troch middel fan it ferstjoeren fan elektroanyske nijsbrieven, e-postberjochten en/of post;

-          om oan finansjele ferplichtings foldwaan te kinnen;

-          om ús fragen te beäntwurdzjen fia sociale media, e-post, post of telefoanysk;

-          om ús webside better optuge te kinnen.

 

Befeiligjen fan jo persoansynformaasje

De FA befeiliget jo persoansynformaasje om it misbrûken dêrfan en net-autorisearre tagong ta jo persoansynformaasje tefoaren te kommen.

 

Hoe lang wurdt jo persoansynformaasje bewarre?

Persoansynformaasje wurdt yn ’e regel net langer bewarre as needsaaklik is foar it realisearjen fan it doel dêr’t de persoansynformaasje foar sammele is. Persoansynformaasje yn dokuminten dy’t falle ûnder de Argyfwet 1995 wurde opslein op ’e wize en foar salang’t dy wet dat foarskriuwt.

Yn gefallen dêr’t yn praat wurde kin fan argivearjen yn it algemien belang, wittenskiplik of histoarysk ûndersyk of foar statistyske doelen, kin persoansynformaasje foar in langer tiidrek opslein wurde. As soks it gefal is, sil de FA, yndachtich de AVG, passende technyske en organisatoaryske maatregels nimme om jo rjochten te beskermjen.

 

Trochjaan oan tredden

De FA jout jo persoansynformaasje allinne oan tredden troch, as dêr in wetlike ferplichting of grûnslach lykas bedoeld yn artikel 6 AVG foar oanwêzich is.

Op it stuit dat de FA jo persoansynformaasje oan in tredden jout, waarboarget de FA jo privacyrjochten ûnder oare troch in ferwurkersoerienkomst ôf te sluten dêr’t ôfspraken yn makke wurde oangeande hoe’t mei jo persoansynformaasje omgien wurde moat.

 

Websiden fan tredden

Dizze ferklearring is net fan tapassing op websiden fan tredden dy’t troch middel fan links mei ús webside ferbûn binne. De FA riedt jo oan om it privacybelied fan ’e websiden fan dy tredden goed troch te nimmen.

 

Utoefenjen fan jo privacyrjochten

Jo kinne in fersyk by de FA yntsjinje ta it útoefenjen fan ’e folgjende rjochten:

-          rjocht op it ynsjen fan jo persoansynformaasje;

-          rjocht op it rektifisearjen en/of oanfoljen fan jo persoansynformaasje;

-          rjocht op it fuorthelje litten fan jo persoansynformaasje;

-          rjocht op it beheinen fan it ferwurkjen fan jo persoansynformaasje;

-          rjocht op it oerdragen fan jo persoansynformaasje;

-          rjocht fan beswier;

-          rjocht om net ûnderwurpen te wurden oan in allinne mar op automatisearre ferwurkjen, dêrûnder ek profilearjen, basearre beslút.

As jo persoansynformaasje ferwurke wurdt mei it each op it argivearjen yn it algemien belang, wittenskiplik of histoarysk ûndersyk of statistyske doelen, dan stelt de wet beheinings oan ûnder mear it rjocht op ynsjen, rektifisearjen, beheinen fan it brûken en rjocht op beswier. Oanfoljend is by it brûken mei it each op argivearring yn it algemien belang ek jo rjocht op it oerdragen fan persoansynformaasje beheind. Dêrnjonken giet foar de FA de meldplicht oan belutsenen yn dizze kontekst net sûnder mear op.

 

Funksjonaris foar ynformaasjebeskerming (FY)

Mochten jo fragen en/of klachten hawwe oer it waarboargjen fan jo privacy yn FA-ferbân, dan kinne jo kontakt opnimme mei ús FY:

Namme: Hans Alfons

Tel./e-post: 020 5510 843 / fg@knaw.nl

 

Autoriteit Persoansynformaasje

De FA siket yn oerlis mei jo om in oplossing as jo in klacht hawwe oer it brûken fan jo persoansynformaasje. As soks net ta in winske útkomst liedt, dan hawwe jo op grûn fan ’e AVG (privacywetjouwing) it rjocht om in klacht yn te tsjinjen by de Autoriteit Persoansynformaasje.

 

Wizigings yn dizze privacyferklearring

De FA kin dizze privacyferklearring wizigje. Wizigings sille op ’e webside fan ’e KNAW publisearre wurde. Trochfierde wizigings yn dizze privacyferklearring sille nea yn striid wêze mei de AVG en ’e dêrút fuortkommende privacyregels.

 

Cookies en YP-adressen

De FA brûkt cookies foar safier’t soks needsaaklik is foar it funksjonearjen fan ’e webside en om ’e kwaliteit of effektiviteit fan ’e webside yn ’e rekken te hâlden.

De FA brûkt it statistikenprogramma Piwik om te analysearjen hokker siden it meast besocht wurde, hoe’t besiker op ús webside kommen binne en hokker syktermen der brûkt wurde yn ús sykmasine.

Dêrta sammelje wy, lykas alle websiden, YP-adressen fan ús besikers. Dy wurde opslein yn saneamde logfiles. De logfiles wurde seis moannen bewarre allinnich omreden fan ’e befeiliging en wurde ek allinnich dêrfoar besjoen.

De FA hat maatregels nommen dat it safolle mooglik beheind wurdt, dat nei te gean is wa’t ús website besykje en wêr’t se weikomme. Dat dogge wy troch daliks nei it ymportearjen fan ’e logfiles yn Piwik de lêste twa oktetten (sifergroepen) fan elk YP-adres fuort te goaien. Dat bart yn in tydlik ûnthâld, ear’t de YP-adressen yn Piwik opslein wurde.

Wy jouwe gjin persoansgegevens oan tredden, of it moat wêze dat it needsaadlik is om oanjefte te dwaan fan strafbere feiten.

 

Kontaktynformaasje

Besikersadres:

Fryske Akademy

Doelstrjitte 8

8911 DX Ljouwert

 

Postadres:

Postbus 54

8900 AB Ljouwert

 

E-mail: knaw@knaw.nl

Webside: www.fryske-akademy.nl

Ynskriuwnûmer Keamer fan Keaphannel: 41000640

 

Yngongsdatum

Dizze privacyferklearring is begûn te wurkjen op 25 maaie 2018.