Skip to main content Skip to page footer

Lêzing Johan Feikens, GeoBuzz 2025, 's Hertogenbosch

GeoBuzz is de jierlikse netwurkdei fan de geo-sektor. Undersiker Johan Feikens sil dêr in lêzing fersoargje oer 'Digitale vensters op het verleden. Het Historisch Kadaster en de reconstructie van het Friese kustgebied in de vroege middeleeuwen.'

GeoBuzz is de jierlikse netwurkdei foar ynformaasjedieling en it yn 'e kunde kommen mei de geo-sektor. 2.000 geo-professionals en brûkers fan geo-data komme nei Den Bosch om in ynformatyf programma by te wenjen, foar de beurs mei 70 eksposanten en om te netwurkjen. Sy binne ûnder oare wurksum by oerheden, bedriuwen, ûnderwiis. GeoBuzz 2025 draait om de krêft fan geo-ynformaasje by it oanpakken fan grutte maatskiplike fraachstikken. Fan enerzjytransysje ta feilichheid, fan romtlike oardering ta ynnovaasje: geo makket ferbining, jout ynsjoch en biedt rjochting.

Lêzing

Ing. Johan Feikens, HisGis-koördinator by de Fryske Akademy, sil op Geobuzz 2025 in lêzing fersoargje mei de titel ‘Digitale vensters op het verleden. Het Historisch Kadaster en de reconstructie van het Friese kustgebied in de vroege middeleeuwen.’ 

Yn dizze lêzing wurdt it nije GIS-portaal taljochte dat ein 2026 lansearre wurde sil. Hjiryn komme histoaryske kaarten en boarnen byinoar foar wittenskiplik ûndersyk. It Histoarysk Kadaster fan 1832 foarmet de kaai foar it georeferearjen fan manuskriptkaarten en it opbouwen fan in digitale histoaryske basiskaart fan it Fryske kustgebiet yn de iere midsiuwen. It fernijde portaal jout de bekende kaarten fan HisGIS.nl in eigentiidsk jaske en makket se brûkber yn in bredere, ynterprovinsjale en tematysk gearhingjende ûndersyksopset.

Mear ynformaasje oer it kongres: Geobuzz 2025