Read With MEE partnermeeting & workshop, Donostia/San Sebastian (ES)
Read with MEE is in gearwurking tusken seis partners út Nederlân, België, Ierlân en Spanje en wurdt koördinearre troch it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, dat ûnderdiel is fan de Fryske Akademy. De partners binne ATiT (BE), NHL Stenden University of Applied Sciences (NL), 8D (NL), Trinity College Dublin (IE) en University of the Basque Country (ES).
De partners sette harren yn om pedagogysk meiwurkers, bibliotekarissen en famyljes te foarsjen fan ferskate praktyske helpmiddels om de ûnderwiiskânsen fan meartalige bern te fergrutsjen.
Yn Baskelân komme de partners gear om nije stappen te setten yn de rjochting fan it ûntwikkeljen fan:
- in praktysk hânboek Handbook-INC: Inclusive Multiliteracy Development for All mei ynformaasje en best practices oangeande de lêsûntwikkeling, lykas kritearia om de kwaliteit fan ynklusive boeken foar bern te beoardieljen;
- fideo’s mei útlis oer de wichtichste konsepten oangeande de ûntwikkeling fan meartalige taalfeardigens;
- fideo's mei best practices út hiel Europa;
- in online bibleteek mei ynklusive, meartalige boeken;
- in community platfoarm;
- in referatory dy’t ferwiist nei relevante projekten, artikels, boeken en eksperts.
Mear ynformaasje
Mear ynformaasje oer Read With MEE is te lêzen op de projektwebsite.