Boekpresintaasje Janneke Spoelstra's 'Wêr bliuwe de froulju?'
Op woansdei 12 novimber fan 14:15 oere ôf wurdt Spoelstra's boek 'Wêr bliuwe de froulju? Ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988-2023)' presintearre yn it (Leonardo) Oranje Hotel oan de Stasjonswei yn Ljouwert. It boek wurdt útjûn by Afûk.
Programma
14:15 oere: Ynrin
14:45 oere: Start programma
• lepening troch Froukje Sijtsma
• Lêzing Fleur Speet (collectief Fixdit), oer 'vrouwelijke auteurs in de Nederlandstalige letteren en de disbalans in waardering'
• Muzyk fan Immen
• Janneke Spoelstra, oer it gearstallen fan de ynterviewbondel
• Foardracht ynterviewde dichters
• Utjouwer Ernst Bruinsma (Afûk), oer de utjefte
• Oanbieding fan it boek oan Gabrielle Terpstra en foardracht fan Gabrielle Terpstra
17:10 oere: Ofsluting en neisit
Oer Janneke Spoelstra
Janneke Spoelstra (Hijum 1962) is sûnt 2001 yn tsjinst by de Fryske Akademy, earst as korrektor fan it Wurdboek fan de Fryske taal/Woordenboek der Friese taal, dêrnei wie se as ûndersyksassistint behelle by oare (leksikografyske) projekten. Se die wilens de masterstúdzje Fryske taal en kultuer, spesjalisaasje Literêre kultuer (Ryksuniversiteit Grins 2012). Sûnt 2018 wie se as redakteur ferbûn oan it Online Nederlânsk-Frysk Wurdboek. No wurket se mei oan it ûnderhâld fan Frysker.nl. Yn 2023 publisearre se oer ‘Mooglike genderneutrale foarnamwurden yn it Frysk’.
Janneke Spoelstra is dêrneist skriuwer fan ’e Redaksje Literêre Rigen. Se wie ien fan ’e gearstallers fan ’e lhbty+-blomlêzing ‘Do draechst de leafde oan’ / Jij draagt de liefde aan (2021)'.
Yn it koart
Wat: Boekpresintaasje Janneke Spoelstra, ''Wêr bliuwe de froulju? Ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988-2023)'
Wêr: (Leonardo) Oranje Hotel, Stasjonswei 4, 8911 AG Ljouwert. De presintaasje rint parallel oan de tredde Conference on Frisian Humanities.
Tiid: Ynrin 14:15 oere, start programma 14:45 oere.
Opjefte (ferplichte): Fia dit online formulier