'Drents' tafoege oan Mercator Wiki on Minority Language Learning
Oer de Mercator Wiki
De Wiki on Minority Language Learning biedt ynformaasje oer de fitaliteit fan de taal, demografyske gegevens, relevante wetjouwing, de skiednis fan it ûnderwiis, ûnderwiis yn de praktyk, ûnderwiisynstellings en learmiddels. De Wiki fan Mercator hat in fleksibele struktuer, sadat dy oanpast wurde kin oan de ferskate ûnderwiisregelingen dy't faak feroarje.
Al sân jier wurket Mercator foar de Wiki gear mei de Universiteit fan Grins (University Campus Fryslân). Studinten fan de master Multilingualism wurkje dan mei oan in factsheet foar de Wiki, oer in ferskaat oan lytse talen yn Europa.
Op de Mercator Wiki is ynformaasje te finen oer bgl. it Extremaduran (ES), ferskate Europeeske gebeartetalen, Aromanian (Balkan), Griko (IT), Karaim (LV/UK), Silbo Gomero (ES) en noch sa'n 35 oare talen yn Europa.
Oer it Drintsk
It Drintsk is ûnderferdield yn ferskate farianten, meastal op basis fan geografyske grinzen. Wylst Glottolog mar twa kategoryen ûnderskiedt, nammentlik Noard- en Súd-Drintsk, ûnderskiede sawol it offisjele wurdboek fan de dialekten fan it Drintsk as de organisaasje Huus van de Taol sân farianten fan it Drintsk:
- Noordenvelds / Noord Drents (Noordenveld variety)
- Veenkoloniaals (peat district Veenkolonien variety)
- Midden-Drents (Middle Drents)
- Zuidoost Zand-Drents (South-East Sand Drents)
- Zuidoost Veen-Drents (South-East Peat Drents)
- Zuidwest Noord-Drents (South-West North Drents)
- Zuidwest Zuid-Drents (South-West South Drents)
Yn de Mercator Wiki stiet wiidweidich beskreaun hoe't de Drintske taal standerdisearre is, hoe't it presys sit mei de oantallen sprekkers, hoe't de Drinten tinke oer harren taal, hoe't it Drintsk in plakje hat yn it ûnderwiissysteem en hoe't it Drintsk ferankere is yn regionale, nasjonale en Europeeske wetjouwing.
Mear witte? Gean fluch nei de Mercator Wiki Drents in the Netherlands!
(Tip: Kinst mei in rjochtermúsklik yn de browser de pagina faak maklik oersette nei in taal fan dyn kar.)