Skip to main content Skip to page footer

Janneke Brakels jout les yn it ramt fan 'Wy binne mbû'/ Europeeske Taledei 2025. Foto: EBLT.

Europeeske Dei fan de Talen: meartalige kommunikaasje yn de beropspraktyk

It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) brochten yn it ramt fan de de Europeeske Dei fan de Talen hjoed in besite oan mbû-skoalle Firda by de oplieding Travel & Hospitality. Sy sleaten oan by in les 'Meartalige Kommunikaasje yn de Beropspraktyk'.

Dy les, foar sa'n 30 earstejiers studinten, waard fersoarge troch Tsjikke van der Veen en Wieger van Keulen fan de Afûk fanút it projekt Wy binne mbû en it Praktoraat Frysk & Meartaligens, yn gearwurking mei dosint Ingelsk Marcel Keizer.

Under lieding fan Janneke Brakels hat de groep mei de studinten oan ’e slach west mei meartaligens. Yn ferskate wurkfoarms waarden meardere (thús)talen brûkt yn de faklessen en de studinten krigen in praktyske opdracht mei om dy foar in eksterne organisaasje út te fieren. Doel is de studinten bewust te meitsjen fan lytse talen en harren te stimulearjen om iepen te stean foar oare talen yn de toeristyske sektor, harren takomstige fakgebiet. It giet dan om it Ingelsk en Frysk, mar bygelyks ek it Grinslânsk, Stellingwerfsk en Biltsk.

Gerard de Jong fan it EBLT, Jelske Dijkstra fan Mercator Europeesk Kennissintrum en Jacob Roep fan Tresoar fersoargen in moaie yntroduksje oer de ferskillende lytse talen yn ús meartalige provinsje. De studinten diene dêrnei in spul mei ferskillende stellingen, om sa sichtber te meitsjen hoe’t studinten omgeane mei talen. Tsjikke van der Veen: “Mei dizze moarn kreëarje wy bewustwêzen by de studinten fan dy meartaligens yn ús provinsje en se ûnderfine dat it handich is om mear talen prate en ferstean te kinnen yn dizze toeristyske sektor. Dat kin bygelyks liede ta it bewust kiezen foar in kardiel Frysk of in oare taal yn de oplieding."

Mear ynformaasje
 

- Wy binne mbû
- Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT)
- Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen