Fakatuere: Undersyksmeiwurker foar it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen
Op dit stuit sykje wy foar ús Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen in Undersyksmeiwurker (22,8 oeren wyks / 0,6 fte of mear yn oerlis).
Wat silst dwaan?
• Meiwurkje oan ûndersyk op it terrein fan meartaligens en taallearen (regionaal en ynternasjonaal); 
• Meiwurkje oan besteande aktiviteiten bygelyks foar de opbou fan in kennisbank op basis fan ûntwikkele produkten út projekten; 
• Yn gearwurking mei de projektmanager rinnende projekten koördinearje en stypje; 
• Yn tiimferbân kongressen en seminars organisearje; 
• Mei-skriuwe oan artikelen en items foar nijsbrieven. 
By dizze funksje leit de klam op ûnderwiisprojekten dy’t meast in ynternasjonale kontekst hawwe en it redigearjen fan Regionale Dossiers.
Wat biede wy?
De oanstelling is tydlik, foarearst foar in jier. Ôfhinklik fan oplieding en wurkûnderfining is it salaris by in folslein tsjinstferbân op syn meast €4,484,- smoarch yn ’e moanne (UFOprofyl ûndersyksmeiwurker nivo 3, skaal 8, cao Nederlandse Universiteiten), eksklusyf 8% fakânsjejild en 8,3% ein fan 't jier-útkearing.
It wurkplak is op de Fryske Akademy te Ljouwert.
Mear ynformaasje
De folsleine fakatueretekst is hjir te lêzen yn it Frysk (pdf) of English (pdf). Reagearje kin oant 17 novimber 2025!
 
