Fedde Schurerlêzing 2025 yn De Kanselarij: 'Grutsk op Fryslân ... of krekt net?'
Fedde Schurer wie Frysk, mar hie ek in drege relaasje mei it Fryske. Hy sette him in soad yn foar de Fryske taal en de Fryske kwestje. Mar minderheidsrjochten, sosjale kwestjes en sels de taal giene foar him de provinsjale grinzen te boppen. Dat wie soms in wrakseling, mei in omjouwing dy't him net altyd goed begriep.
Ek yn it no bestiet dizze wrakseling foar in soad minsken; tusken komôf, komôf en takomst en hoe't dy yn elkoar oerrinne. Yn in tiid fan globalisearring, mar ek groeiend konservatisme wurket de Fryske identiteit befrijend en belêstend. Bist dan grutsk op it lân of de krite dêr'tst grutbrocht bist? Makket it dy lokkich? Makket it dy grutsk? Wat nimst dêrfan mei nei dyn takomst?
Oomen en IJsselmuiden
Dichter, skriuwer, performer en muzikant Joost Oomen komt nei Ljouwert om te fertellen oer syn fyzje op it tema ' Grutsk op Fryslân... of krekt net? ". Ek te gast is de Friezinne Sylvana IJsselmuiden, dy't as presintatrise en aktrise it hiele lân trochkrúste, mar dy't koartlyn wer werom kaam nei Ljouwert.
Oer de Fedde Schurerlêzing
Sûnt 2010 wurdt yn it lêst fan novimber yn Ljouwert de Fedde Schurerlêzing holden, dit jier organisearre troch De Fryske Beweging, yn ‘e mande mei de Fryske Akademy en de Leeuwarder Courant.
Fedde Schurer (1898 –1968) wie in Frysk dichter en sjoernalist. Dêrnjonken siet er yn de Twadde Keamer foar de PvdA. Schurer wie kristlik fredesaktivist en foarman fan de Fryske kultuer. Jierrenlang wie Schurer haadredakteur fan de Friese Koerier; syn stilistysk briljante en skerpe artikels wiene bekend yn en bûten Fryslân.
LET OP: De lêzing is yn De Kanselarij oan de Turfmarkt yn Ljouwert. Op sneon 15 novimber 2025 begjint it programma om 14.30 oere (ynrin fan 14.00 oere ôf) en duorret oant 16.30 oere. Nei ôfrin is der in gesellige neisit mei drankje en hapke. De tagong is fergees, mar opjaan is needsaaklik.
Gean nei it Eventbrite-event foar fergeze tickets >>>